Kurt Cobain
Kurt Cobain | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Kurt Cobain mei Nirvana (1992) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Kurt Donald Cobain | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 20 febrewaris 1967 | |
berteplak | Aberdeen, Washington | |
stoarn | 5 april 1994 | |
stjerplak | Seattle | |
wurkpaad | ||
sjenre | Grunge | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Gitaar | |
grutste hit(s) | Smells Like Teen Spirit, Come as You Are, Lithium, Heart-Shaped Box | |
jierren aktyf | 1982-1994 |
Kurt Donald Cobain (Aberdeen, Washington, 20 febrewaris 1967 – Seattle, 5 april 1994) wie in Amerikaansk sjonger en gitarist. Hy waard bekend as de sjonger en gitarist fan Nirvana.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cobain begûn as jong jonkje te sjongen en doe't er 14 jier wie krige er syn earste gitaar. Nei syn skoaltiid moete Kurt, bassist Krist Novoselic. Mei Novoselic begûn Cobain syn earste band Fecal Matter. Yn 1987 rjochten de freonen mei drummer Chad Channing de band Nirvana op. Mei dy band soe Kurt Cobain trije studio-albums útbringe.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cobain waard berne yn Aberdeen yn de steat Washington, de Feriene Steaten, as âldste yn in gesin fan twa. Syn âlden giene byïnoar wei doe't Kurt njoggen jier âld wie. Adrian Smith is boaske mei Nathalie Dufresne en hat trije bêrn. Nei de skieding waard Cobain by ferskate famyljeleden ûnderbrocht. Op de middelbere skoalle ûntduts Kurt rockmuzyk, drugs en makke him skuldich oan fandalisme. Cobain waard meardere kearen oppakt troch de plysje, ûnder oaren foar it bekladzjen fan auto's en gebouwen. Yn 1985 ferliet Cobain de middelbere skoalle sûnder diploma. Yn 1992 boaske Cobain mei sjongeres Courtney Love en it stel waard datselde jier de âlden fan in famke. It bern waard troch de Amerikaanske jeugdsoarch al frij rap út hûs pleatst om't Cobain en syn frou drugs brûkten. Nei in soad juridysk harrewarjen krigen Cobain en Love de fâdij oer harren bern werom.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It sukses by it grutte publyk fan Nevermind hat in minne ynfloed op Kurt Cobain, hy kriget lêst fan depresjes en hat muoite mei it omtinken dy't er fan de media kriget. Yn de hjerst fan 1993 wurdt it tredde album fan Nirvana, In Utero útbrocht. Mar dêrnei komt it net goed mei Cobain. Yn maart by de wrâldtoernee foar In Utero rekket Cobain út 'e tiid troch in kombinaasje fan alkohol en medisinen tsjin sliepeleazens. In dei letter komt er wer by, it toernee wurdt ôfsein en Cobain fleant werom nei Amearika. Mar nei in pear dagen thús west te hawwen komt it alwer ferkeard en Cobain wurdt opnommen yn in ôfkickklinyk dy't er nei in pear dagen alwer ferlit. Begjin april wurdt de sjonger troch syn famylje as fermist opjûn, en nei in pear dagen wurdt er dea fûn yn syn hûs yn Seattle, dêr't er himsels te koart dien hat.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Band | Single(s) |
---|---|---|---|
Bleach | 15 juny 1989 | Nirvana | Love Buzz, Blew |
Nevermind | 24 septimber 1991 | Smells Like Teen Spirit, Come as You Are, Lithium, In Bloom | |
In Utero | 21 septimber 1993 | Heart-Shaped Box, All Apologies, Pennyroyal Tea |