Friesche Courant
De Friesche Courant wie in krante dy ’t ein achttjinde iuw útkaam en letter fierder gie ûnder ferskillende nammen:
- Friesche Courant (1795)
- Friesche Courant (1796-1798)
- Bataafsche Leeuwarder Courant (1798-1806)
- Vriesche Courant (1806-1811)
- Gazette de la Frise / Vriesche Courant (1811)
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Friesche Courant ferskynde fan woansdei 3 juny 1795 oant en mei woansdei 5 septimber 1795 (28 nrs.). De frekwinsje wie twa kear wyks. Op 8 septimber 1795 ferskynde it berjocht De schryvers en drukker der Friesche Courant, aan hunne vryheidlievende landgenooten in ’t algemeen, en aan de leezers van dat dag-blad in het byzonder.<br. De erven fan Abraham Ferwerda, eigeners fan de Leeuwarder Courant (1752-no), hiene it Hof fan Fryslân frege harren konkurrint in boete op te lizzen wegens ûnrjochtlik ferskinen. De Friesche Courant die in berop op de frijheid fan drukparse, dy ‘t sûnt 20 febrewaris 1795 troch de Provisioneele Representanten des Frieschen Volks propagearre waard. Dy ymplisearre ommers dat de oant dan ferliende oktroaien net mear rjochtsjildich wiene. It ferwar die lykwols gjin fertuten, yn dy sin dat de Friesche Courant hjitten waard har tenei fier te hâlden fan misledigingen en rûzjestikken. De krant hâlde dêrnei op te bestean.
Yn jannewaris-febrewaris 1796 wie it yn Fryslân bot ûnrêstich, mar úteinlik kamen radikale unitariërs oan de macht. It oktroai op de de Leeuwarder Courant waard op 1 febrewaris 1796 opheft en de erven Ferwerda waard sommearre de boete dy ‘t de Friesche Courant betelle hie, werom te beteljen. Fan maart 1796 ôf ferskynde de Friesche Courant opnij. It lêste nûmer datearret fan tongersdei 17 maaie 1798. De frekwinsje wie twa kear wyks, letter trije kear yn de wike. Der ferskynden yn dizze perioade ek 12 suppleminten (‘Aanhangzels’). De krante krige troch it Utfierend Bewâld fan de Bataafske Republyk yn 1798 in ferskiningsferbod fan seis wiken oplein wegens spotachtigen toon […], zouteloose satires [en] schampere uytdrukkingen. Dat wie mei oanlieding ta in nije nammewiziging.
Inkele dagen neidat de unitaryske Steatsregeling foar it Bataafske Folk as earste Nederlânske grûnwet yn wurking treden wie, waard de krante omdoopt ta de Bataafsche Leeuwarder Courant. It earste nûmer ferskynde op sneon 19 maaie 1798, it lêste nûmer (nr. 71) op sneon 14 juny 1806. De ferskiningsfrekwinsje bleau trije kear yn de wike. Der ferskynden ek ekstra nûmers, ûnder de titel 'Extra Ordinaire Bataafsche Leeuwarder Courant'.
Op 17 juny 1806 – in pear dagen nei de offisjele beneaming fan Loadewyk Napoleon as foarst fan it Keninkryk Hollân – ferskynde de krante ûnder in nije titel: de ‘Vriesche Courant’. Mei it folchnûmer 72 waard oansluten op dat fan har foarrinder. It lêste nûmer datearret fan woansdei 30 jannewaris 1811 (nr. 13). De frekwinsje bleau trije kear yn de wike.
Op 3 augustus 1810 – Nederlân makke doe diel út fan it Earste Frânske Keizerryk – waard it dekreet útfeardige dat der yn elk departemint noch mar ien krante ferskine mocht. Dy moast twatalich wêze en waaard tenei kontrolearre troch de prefekt. De krante waard pas op 1 febrewaris 1811 omfoarme ta de ‘Gazette de la Frise / Vriesche Courant': in titel wêrmei 't de krantemakkers hopen bestean bliuwe te kinnen as departemintaal blêd. Dit blykte in misrekken, want op 31 july 1811 ferskynde it lêste nûmer (nr. 91). De krante moast op lêst fan de oerheid gearfoege wurde mei de Gazette de Leuwarde / Leeuwarder Courant (1811) en ferdwûn dêrmei foargoed fan it mediafront. Fan 2 augustus 1811 ôf ferskynde it twatalige Journal du Département de la Frise / Dagblad van het Departement Vriesland.
Beskriuwing fan de krante
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krante bestie ynearsten út 4 of 8 siden yn kwartoformaat (krektas de Leeuwarder Courant). It motto ‘Gelykheid, Vryheid en Broederschap’ pronke boppe-yn it titelblok.
Yn 1796 waard it formaat feroare. Tenei befette de krante 2 of 4 bledsiden heal folioformaat, yn twa kolommen opmakke. It titelblok befette ek de leus ‘Gelykheid, Vryheid en Broederschap’, de titel, it folchnûmer, de ferskiningsdatum (ek konform de Frânske revolúsjonêre kalinder) en de fermelding fan hokker jier ‘der Bataafsche Vryheid’. Mei yngong fan 27 juny 1796 (nr. 43) stiet der yn it titelblok as titelfinjet de Nederlânske frijheidsfaam mei op har lâns in frijheidshuodsje.
It titelblok fan de Bataafsche Leeuwarder Courant hat in pear feroarings ûndergien. It biedwurd ‘Gelykheid, Vryheid en Broederschap’ pronket noch altiten boppe-yn it titelblok, it titelfinjet is feroare (mei twa putty dy ’t de iendracht ferbyldzje) en de Frânske datumoantsjutting is ferdwûn. Opmerklik is de fermelding ‘Het Eerste Jaar der Een en Ondeelbaarheid’.
Op 14 novimber 1801 is it titelblok opnij feroare. It biedwurd is ferdwûn en der is in nij titelfinjet: rûnom in leech ‘wapenskyld’ (mei dêryn de namme Friesland) binne fan lofts nei rjochts de seegod Neptunus, de frijheidsfaam en de boadkipper Merkurius te sjen. Sjoch bygelyks ek it finjet fan de Vaderlandsche Courant (1795) fan Verlem of de Nationaale Bataafsche Courant van Lieve van Ollefen (1797).
Mei yngong fan 2 jannewaris 1802 is it titelfinjet wat detaillearre útwurke, wêrby ’t it lege wapenskyld no opfold is mei de klimmende liuw út it wapen fan Ljouwert. Mei it kroantsje boppe it wapen hat men yn de tiid fan de bataafske republyk blykber gjin probleem. Dat finjet rekket nei ferrin fan tiid wat slytsk, mar bliuwt yn gebrûk oant en mei it lêste nûmer fan 14 juny 1806. De Vriesche Courant hat it wapen fan Fryslân as titelfinjet: mei de twa geande liuwen en de sân lizzende blokjes (2-2-3). It wapen wurdt oan wjerskanten fêstholden troch twa klimmende liuwen.
Hoewol ’t de twatalige Gazette de la Frise / Vriesche Courant ferskynde doe’t Nederlân diel útmakke fan it Earste Frânske Keizerrryk, bleau it kroantsje op it wapen fan Fryslân stean.
Boekhistoaryske gegevens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Johannes Seydel wurke him op fan drukker-útjouwer fan sinterske printen en berneboeken oant drukker-útjouwer fan oerheidspublikaajes en krantemakker. Hy stiet bekend as fûl patriot. Sûnt 1772 hierde hy it pân op de hoeke fan de Keningsstrjitte (de ‘Alde Bargekop’) fan de erven fan boekferkeaper Johannes Scheverstein, dêr ‘t syn drukkerij fêstige wie. Hy kocht it yn 1795 en ferkocht it wer yn 1797 oan grytman Frans Julius Johan van Eysinga, dy ’t hjirmei syn hûs útwreidzje koe (Fan Eysingahûs). Seydel woe mei de opbringst syn Friesche Courant finansierje.
Nei 28 nûmers droech er de krante oer oan syn feint Matthijs Koon, dy ’t mei syn dochter troud wie en yn de Easterstrjitte foar himsels begûn wie. Koon hie earder krantemakker west fan de 'Goudasche Courant' (1791-1805), mar hie him dêr nei alle gedachten yn april 1792 út weromlutsen. Hy fêstige him yn 1793 yn Ljouwert, dêr ’t er optrede as mei-útjouwer fan it 'Dagverhaal der Handelingen van de Provisioneele Representanten des Volks van Friesland' (1795).
Seydel neamt yn it earste nûmer fan de Friesche Courant uit 1795 de folgjende ferkeapadressen:
Wordt gedrukt en uitgegeeven by Joh. Seydel, en nu te bekomen te Harlingen by V. v.d. Plaats, Franeker D. Romar, Sneek R. Bransma, Bolsward R. Looijinga, Dockum de Wed. H. Brouwer, Heerenveen T. Roorda, Groningen J. Oomkens, en verders alöm in Friesland .
Yn nr. 1 fan de Friesche Courant (2 maart 1796) neamt Koon sawat deselde ferkeapadressen. Ek de priis per ôflevering wurdt neamd:
Wordt uitgegeeven by M. Koon in de Oosterstraat te Leeuwarden, en te bekomen te Harlingen by V. v.d. Plaats en G.J. Stuurman, Franeker D. Romar, Sneek R. Bransma, Bolsward R. Looijinga, Dockum de Wed. H. Brouwer, Heerenveen T. Roorda, Holwert Klaas Igles, Groningen J. Oomkens, en verders alömme, à vier Duiten.
Ek freget Koon yn 'syn' nr. 1 fan de Friesche Courant oan dejingen dy ’t yn it ferline ek al bydragen levere hawwe, om dit wer te dwaan. Bydragen kinne portofrij nei him tastjoerd wurde. It pleatsen fan adfertinsjes fan 1 oant 6 rigels kostet 8 stuorren, en dêrboppe elke regel 1 stoer ekstra. De priis per ôflevering is 4 duiten, in jierabonnement kostet 2 gûne en 10 stuorren.
Fanôf 2 april 1796 stiet as útjouadres noch mar Wordt uitgegeeven by M. Koon in de Oosterstraat te Leeuwarden. Dit adres wurdt per 12 maaie 1797 wizige yn ‘de Groote Kerkstraat, het tweede huis van de Pylsteeg, te Leeuwarden’, naast boekverkoper P.L. Ydema (oankundige op 9 maaie 1797).
Yn de Bataafsche Leeuwarder Courant is dit adres ûnferoare. Fanôf 1 jannewaris 1803 stiet Seydel wer yn de kolofon: Te Leeuwarden, ter drukkerije van Johannes Seydel en Matthys Koon. Dit is ek sa yn de Vriesche Courant en de dêropfolgjende Gazette de la Frise / Vriesche Courant.
Meiwurkers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Doorninck (1885) neamt as meiwurkers fan de ‘Friesche Courant’ út 1795: R. Dibbetz, C. Godschalk en Joh. Seydel sels.
Reinier Dibbetz (1764-1808) (ek wol: Dibbets) studearre medisinen yn Frjentsjer en waard arts op It Hearrenfean, dêr ’t hy aktyf meidie oan de patriotske revolúsje. Hy moast yn 1787 de wyk sette nei it bûtenlân. Nei syn weromkear yn 1795 wie er earst koart redakteur fan de Friese Courant fan Seydel, mar al gau waard hy griffier fan Provisjonele Represintanten fan Fryslân. Hy wie evenredich yn syn opfettings en federalist boppedat. Troch de fûle reboelje moast hy syn posysje yn febrewaris 1796 opjaan. Yn De Haach rjochte hy it tydskrift ‘Heraclyt en Democryt’ (1796-1798) op, wêryn’t hy wiidweidich oandacht jaan bleau oan de ‘Friese zaak’ en it ûnrjocht dat him oandien wie. <br.
De katolike kleanmakkersfeint Cornelis Godschalk (1768-1837), ôfkomstich út Breda, flechte yn 1787 nei Noard-Frankryk, dêr ’t er ien fan de foaroanmannen fan de Fryske patriotten moete. Hy makke fluch karriêre yn de patriottebeweging en waard yn 1795 sekretaris fan it Nationaal Comité Revolutionair. Hy hearde ta de radikale streaming, stie bekend as militant en wie fûl foarstanner fan de ienheidsstaat. Yn de ‘Friesche Courant’ pleite hy dan ek krêftich foar dizze yn Hollân sa polulêre steatsfoarm. Doe’t Dibbetz yn 1796 flechte moast, folge Godschalk him as griffier fan de Represintanten fan Fryslân op. Se wiene wyls elkoars deafijannen, neffens Kuyper (2003). De matige steatsgreep fan juny 1798 makke in ein oan Godschalk syn politike karriêre. Yn de jierren 1802-1806 gie hy as in drankslije notaris troch in djippe delte, dêr ’t hy wer útkrûpte om yn 1811 oansteld te wurden as kommissaris fan plysje yn Ljouwert.
De krantemakker Johannes Seydel (1741-1811) wie ek ien fan de kontribuanten, krektas syn skoansoan Matthijs Koon (1767-1836). Beide hearden ta de radikaal-revolúsjonêren fan Fryslân. De lêste wie ek ien fan de oprjochters fan de Ljouwerter folkssosiëteit ‘Tot Handhaving der Rechten van den Mensch’. By syn ferstjerren op it Hearrenfean op 25 desimber 1836 wie der gjin ûnreplik guod yn de neilittenskip, neffens de pleatslike boekferkeaper Franciscus Hessel dy ’t as eksekuteur-testamintêr optrede.
Gerrit Paape (1752-1803) skreau ek foar de Friesche Courant, faak ûnder in skûlnamme.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Friesche Courant wie in radikaal-revolúsjonêre krante, troch de krantemakker bewust yn de merk setten as tsjinhinger fan it ‘Prulschrift’ de Leeuwarder Courant (2 maart 1796). De krante iepent faak mei bûtenlânsk nijs, mar it binnenlânske nijs soe dominearje. Koopmans neamt yn dit ferbân de sterk op it ‘Folk fan Fryslân’ rjochte ynhâld. It wurk fan de Fryske politisy yn sawol De Haach as it eigen gewest waard steefêst breed útmjitten. De pleatsing fan ynstjoerde brieven en gedichten suggerearre boppedat in sterke bân mei de achterban.
Relaasje mei oare periodiken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de gearfoeging fan de Gazette de Leuwarde / Leeuwarder Courant mei de radikale Gazette de la Frise / Vriesche Courant giene beide beide kranten nei 2 augustus 1811 fierder ûnder de titel Journal du Département de la Frise / Dagblad van het Departement Vriesland en in twakoppige direksje/redaksje: Doeke Ritskes Smeding en Matthys Koon. Dizze krante soe letter wer omfoarme wurde ta de Leeuwarder Courant. Yn 1820 kaam de Friesche Courant, wêrfan ‘t Koon noch altyd de eigener wie, fannijs mar in skoftke tiid út. Dolk (1979) neamt it in mislearre besykjen ta it ferfetsjen fan syn in den jare 1811 door dwang gesupprimeerde Vriesche Courant.
Eksimplaren fan de Friesche Courant wurde bewarre yn de Keninklike Biblioteek yn De Haach, by Tresoar yn Ljouwert en by it Amsterdamske Ynternasjonale Ynstitút foar Sosjale Skiednis (IISG)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Joop W. Koopmans, 'Vroegmoderne kranten en regionaal besef in het noorden van de Republiek, circa 1740-1800‘, yn: 'Job Weststrate en Dick E.H. de Boer (red.), Begrensd beeld. Identiteit in grensregio’s omstreeks 1800' (Hilfertsom 2021), s. 55-74
- Jacques Kuiper, 'De lotgevallen van een Friese Jacobijn, Cornelis Godschalk', yn: Historisch Tijdschrift Fryslân 19 (2013), nr. 6, s. 8-10
- Peter Altena, 'Gerrit Paape (1752-1803). Levens en werken' (Nimwegen 2012)
- Marcel Broersma, 'Beschaafde vooruitgang. De wereld van de Leeuwarder Courant 1752-2002' (Ljouwert 2002), passim
- Jacques Kuiper, 'Een revolutie ontrafeld. Politiek in Friesland 1795-1798' (Grins 2002)
- W. Dolk, 'Het boek in de Leeuwarder patentregisters', yn: Jaarboek De Vrije Fries 59 (1979), s. 73-92, dêre s. 80 en 91
- J.W.H. Witsen Elias en J. Piebenga, 'Twee eeuwen Leeuwarder Courant' (Ljouwert 1952), s. 26
- J.I. van Doorninck, 'Vermomde en naamlooze schrijvers opgespoord op het gebied der Nederlandsche en Vlaamsche letteren', diel 2 (Leiden 1885), s. 152.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|