Reinier Dibbets
Reinier Dibbets (de Klerk), ek wol: Dibbetz (1764 - 1808), wie in dokter en patriot. Wurdt yn guon boarnen as tige bejeftige omskreaun.
Hy promovearre yn 1785 yn de medisinen oan de Universiteit fan Frjentsjer. Nei de revolúsje fan 1795 waard er griffier fan de nije Steaten en meiwurker oan de Friesche Courant. De evenredige Dibbets moast lykwols útwike nei Grins en bedarre letter yn Den Haach.
Yn Den Haach begjint er it tydskrift 'Heraclyt en Democlyt' dêr't in protte oer Fryske tastannen fan dy tiid te finen is. Hy korrespondearre mei Gerrit Paape oer de neffens him te strange strafmjitte foar de foaroanmannen fan it Kollumer Oproer; suggerearre dat yn Ljouwert 'de geast fan Robespierre' oplibbe [1].
Nei 1798 rekke er út it each ferlern.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Dibbets. |