Springe nei ynhâld

Korinte

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 mrt 2024 om 23.07 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (korr)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Korinte
Κόρινθος
De lâningte fan Korinte
De lâningte fan Korinte
Bestjoer
Lân Grikelân
Regio Peloponnesos
Gemeente Korinte
Boargemaster Alexandros PNEVMATIKOS (sûnt 2011)
Sifers
Ynwennertal 58.280 (2011)
Oerflak 102, km²
Befolkingsticht. 570 / km²
Hichte 0-10 m
Oar
Postkoade 200 0x, 200 11, 201 00
Tiidsône (UTC+2)
Simmertiid (UTC+3)
Offisjele webside
Webside fan de gemeente
Korinte: de ruïnes fan de antike stêd
Korinte: de pylders fan de Apollo-timpel

Korinte (Gryksk: Κόρινθος) is in stêd yn Grikelân. De stêd wie yn de âldheid ien fan de wichtichste stêden en lei geunstich oan de Golf fan Korinte. Sûnt 2011 is de stêd in fúzjegemeente (dimos) yn de bestjoerlike regio (periferia) Peloponnesos. Dêrfoar wie it haadstêd fan de eardere departemint (nomos) Korinte.

De fiif dielgemeenten (dimotiki enotita) fan de fúzjegemeente binne: [1]

  • Assos-Lechaio (Άσσος-Λέχαιο)
  • Korinthos (Κόρινθος), Frysk: Korinte
  • Saroniko (Σαρωνικό)
  • Solygeia (Σολύγεια))
  • Tenea (Τενέα)

Transport en ekonomy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By Korinte leit it ferneamde Kanaal fan Korinte, dat de Ionyske See, oer de Golf fan Korinte, mei de Egeyske See ferbynt (sjoch ek: Lâningte fan Korinte). It kanaal soarget derfoar dat skipfeart tusken bygelyks Piraeus en de Ionyske Eilannen en Igoemenitsa net om de Peloponnesos hinne hoecht te farren, mar in folle koartere rûte folgje kin, noardlik fan dat skiereilân.

Korinte kin mei de trein berikt wurde. De âlde, inkeld stadich ridende trein, is sûnt de ynrjochting fan de Olympyske Simmerspullen fan 2004 in Atene ferfongen troch in modernere ferzje, dêrtroch is de ferbynding bot ferbettere. De trein giet fan de haadstêd Atene fia Korinte troch de Peloponnesos.

Romeinsk baaihûs

Yn de âldheid wie Korinte ien fan de wichtige Grykske stêdstaten, dy't ferskate koloanjes stifte yn de Middellânske See, dêrûnder Syrakuse op Sisylje. De stêd naam in strategyske posysje yn trochdat it in ferbining foarme tusken Attika mei Atene en de Peloponnesos, mei ûnder oaren Sparta. Ek de hannel florearre troch dy geunstige posysje. Yn 146 f.Kr. waard de stêd troch de Romeinen ferwoaste nei earst in skoftlang belegere west te ha.

Troch Julius Caesar waard Korinte yn 44 f.Kr. wer opboud en al gau woeks de stêd út ta de meast wolfarrende yn it suden fan Grikelân. Korinte wie teffens haadstêd fan de Romeinske provinsje Achaea. Yn dy tiid wie de stêd ferneamd troch de Istmyske Spullen, dy't om 'e twa jier hâlden waarden en destiids allinnich troch de Olympyske Spullen yn oansjen oertroffen waarden.

Korinte is ûnder oaren bekend wurden fanwege it feit dat hjir al ier, om it jier 50 n.Kr. hinne, in kristlike gemeente stifte is, dêr't Paulus twa brieven nei ta skreau, dy't diel útmeitsje fan de Bibel: de Earste brief fan Paulus oan de Korintjers en de Twadde brief fan Paulus oan de Korintjers. .

It archeologyske fynplak, it âlde Korinte (Archaía Kórinthos, d.i. Grieks voor Antiek Korinthe) leit in eintsje bûten de moderne stêd Korinte. Lykwols binne fan de antike stêd net folle oerbliuwsels bewarre bleaun. Wat noch oerein stiet binne inkele monolityske pylders fan de Apollo-timpel. Yn de omkrite fan it âlde Korinte leit de Akrokorinthos, de âlde akropolis fan de stêd.

De namme Krint is ôflaat fan dizze stêd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fuotnoat:

  1. (gry) Bestjoerlike yndieling en oantal ynwenners yn 2001 (p. 17431 ΔΗΜΟΣ ΚΟΡΙΝΘΙΩΝ)