Springe nei ynhâld

Alfredo Binda

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 feb 2024 om 17.19 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (Dielname oan grutte omgongen: [[]])
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Alfredo Binda
sporter
Alfredo Binda
Alfredo Binda
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alfredo Binda
nasjonaliteit Italjaansk
bertedatum 11 augustus 1902
berteplak Cittiglio
stjerdatum 19 july 1986
stjerplak Cittiglio
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Dykhurdfytsen
debút 1921
karriêre-ein 1936
wichtige prestaasjes
Omgong fan Itaalje (1925, 1927-1929, 1933) (5x)
Wrâldkampioenskip hurdfytsen (1927, 1930, 1932) (3x)

Alfredo Binda (Cittiglio, 11 augustus 1902 - Cittiglio 19 july 1986) wie Italjaansk hurdfytser en wie earste hurdfytser dy't fiif kear de Omgong fan Itaalje wist te winnen. Dêrneist waard Binda trije kear wrâldkampioen hurdfytsen.

Binda waard berne yn Cittiglio, Lombardije, yn in húshâlding mei tsien bern. Hy spile trompet by de gemeentlike harmony fan syn doarp en hold ek fan fytsen. Mar de húshâlding wie earm. Tegearre mei syn broer Primo emigrearre er nei Nice, dêr't se ûnderdak fûnen by famylje.

Oan de Frânske Rivièra ûntbrekt it net oan wurk, en oan fytswedstriden likemin. Hjir ûntdekt de jonge Binda syn balâns: fjouwer dagen yn 'e wike sil er nei skoalle ta, foar lessen yndustrieel tekenje en trije dagen yn 'e wike traint er op syn fyts.

Binda is foaral te werkennen oan syn sylhûet, dat nearne mei te ferlykjen is. In hear dy't stevich yn it seal sit, en dy't foarsichtich fan rjochting feroaret om stiennen, balstiennen of strûken op 'e dyk te omsilen.

Troch syn styl en syn oerwinningen is Binda ien fan de grutsten yn it hurdfytsen yn dy tiid. Hy is de iennige grutte kampioen dy't troch de organisatoaren frege waard net diel te nimmen oan harren wedstriid om de spanning te behâlden. Sa ek yn de Omgong fan Itaalje fan 1930. Op syn namme steane dan al fjouwer edysjes fan de Omgong fan Itaalje, 1925 en 1927 oant en mei 1929 wêryn't er tolve fan de fyftjin ferriden etappes wûn, 1928 en 1929. Men smeket him dus om thús te bliuwen, en as kompensaasje krijt er de grutste preemje dy 't ea útrikt is: 22.500 lire, wat doe oerienkaam mei it prizejild foar de einoerwinning en inkelde etappe oerwinningen. Wat bliuwt is de grandeur fan de útblinker, in grandeur dy't yllustrearre wurdt troch oare oerwinningen op heech nivo, wêrûnder syn trije triomfen as wrâldkampioen – yn 1927 op de Nürburgring, yn 1930 yn Luik en yn 1932 op in sirkwy yn Rome.

Hy wint de Omgong fan Itaalje yn totaal fiif kear, behellet der 41 etappe oerwinningen – inkeld Mario Cipollini sil it letter better dwaan mei 42 oerwinningen – en giet sechstich dagen oan kop fan de omgong, in bûtengewoane bút. Mar ôfsjoen fan it tal suksessen dat er boekt, draacht er in ferpletterjende superioriteit mei, dy't er sawol by it sprinten as yn it beklimmen tentoanstelde.

Hy fytst de Omgong fan Frankryk ien kear. Hy trotsearret de Tour sûnder entûsjasme yn 1930, wint twa etappes efterinoar yn Pau en Luchon en moat him nei in fal weromlûke út de wedstriid. Yn Novi Ligure, yn Milaan-San Remo yn 1936, brekt er troch in fal syn bilbonke en moat twongen om in punt sette efter syn karriêre.

Nei it hurdfytsen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn karriêre as hurdfytser wurdt Binda ploechlieder fan Italiaanske teams; hy liedt teams: yn 1948 mei Gino Bartali, yn 1949 en 1952 mei Fausto Coppi en yn 1960 mei Gastone Nencini troch de Omgong fan Frankryk. Dêrneist wurdt er bûnscoach fan Itaalje, yn de tiid dat sawol Fausto Coppi as Ercole Baldini wrâldtitel feroverje. Ek hat er hege funksjes beklaaid binnen ynternasjonale hurdfyts organisaasjes.

Dielname oan grutte omgongen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dielname oan de Omgong fan Frankryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1930 - Net finisht; winner 8e en de 9e etappe

Dielname oan de Omgong fan Itaalje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1925 - 1e; winner 6e etappe.
  • 1926 - 2e; winner 3e, 6e, 7e, 9e, 11e en de 12e etappe
  • 1927 - 1e; winner 1e, 2e, 3e, 5e, 6e, 7e, 8e, 9e, 10e, 12e, 14e en de 15e etappe.
  • 1928 - 1e; winner 2e, 3e, 4e, 5e, 10e en de 11e etappe.
  • 1929 - 1e; winner 2e, 3e, 4e, 5e, 6e, 7e, 8e en de 9e etappe.
  • 1931 - Net finisht; winner 3e en de 4e etappe.
  • 1932 - 7e;
  • 1933 - 1e; winner 2e, 8e, 9e, 10e, 13e en de 17e etappe
  • 1934 - Net finisht;
  • 1935 - 16e;
  • 1922 - Nice Sport
  • 1923–1924 - La Française
  • 1925–1936 Legnano

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: