Springe nei ynhâld

Hendrik Amersfoordt

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 feb 2024 om 17.01 troch Drewes (oerlis | bydragen) (+ ref)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Hendrik Amersfoordt (Amsterdam, 30 maaie 1796 - Snits, 8 maaie 1843) [1] wie fan april 1818 oant 1843 rektor oan de Latynske skoalle yn Snits.

Yn 1827 rjochtte hy tegearre mei Franciscus Binkes en Freerk Fontein it Friesch Genootschap op. Hy wie sûnt 1830 lid fan de Maatskippij fan de Nederlânske Letterkunde.

Syn leafde foar de letterkunde die hy op yn syn skoalletiid yn Amsterdam. Hy krige dêr ûnder oaren les fan David Jacobus van Lennep, Herman Boscha en van Nuis Klinkenberg. Yn 1821 studearre hy oan de Hege Skoalle fan Amsterdam ôf as Master yn de Bespegeljende Wiisbegearte en Doktor yn de Letterkunde. Amersfoordt hie doe al in oanstelling as Rektor fan de Latynske Skoalle yn Snits. Dy funksje har er oant syn dea yn 1843 ferfold.

Hendrik Amersfoordt skreau tegearre mei syn freon, de Iisbrechtumer predikant Hans Willem Cornelis Anne Visser it "Archief voor Vaderlandsche en inzonderheid Vriesche Geschiedenis, Oudheid en Taalkunde". Amersfoordt wie fierder siktaris fan de Provinsjale Kommisje foar Underwiis.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Handelingen der jaarlijksche vergadering van de Maatschappij der Nederlandsche Letterkunde te Leiden, gehouden den 15 van Zomermaand 1843. Z.p., z.j.