Friedrich Kaulbach (skilder)
Friedrich Kaulbach (skilder) | ||
keunstner | ||
Friedrich Kaulbach, 1862 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Dútsk | |
berne | 8 july 1822 | |
berteplak | Bad Arolsen | |
stoarn | 17 septimber 1903 | |
stjerplak | Engesohde, Hannover | |
wurkpaad | ||
wurksum as | portretskilder, skilder fan histoarjestikken | |
perioade | lette romantyk |
Friedrich Wilhelm Christian Kaulbach (Bad Arolsen yn Hessen, 8 july 1822 – Hannover, 17 septimber 1903) wie in Dútse keunstskilder en universitêr dosint oan de Leibniz Universität Hannover.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy wie in soan fan Christian Kaulbach (1777-1847), in meubelmakker yn Arolsen. Hy wie ek de neef en op in stuit de learling fan de skilder Wilhelm von Kaulbach, soan fan Philipp Karl Friedrich von Kaulbach (1775-1846), goudsmid en amateurskilder.
Nei in besite oan Feneesje yn 1844 gongen hy en syn omke Wilhelm útinoar. Hy skildere ûnôfhinklik oant 1848, doe 't er it skilderij Adam en Eva njonken it lichem fan Abel makke. Dat late ta in oprop foar in professoraat oan de Akademie der Bildenden Künste München, yn München, dy 't er ôfwiisde.
Yn 1850 reizge er nei Parys, dêr 't er histoaryske skilderijen makke en yn syn jild fertsjinne troch portretten te meitsjen. Yn 1850 joech Maximiliaan II fan Beieren him de opdracht om de kroaning fan Karel de Grutte te skilderjen foar it Museum Maximilianeum. It skilderij waard foltôge yn 1861.
Hofskilder yn Hannover
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kaulbach tsjinne as hofskilder fan kening George V fan Hannover, dy 't er geregeld portrettearre, dêr 't er in favorite portretskilder fan de lokale adel wie. Wylst er hofskilder fan Hannover wie, krige er in professoraat oan de Leibniz Universität Hannover. Neist oare foardielen joech de kening him syn eigen atelier en went, ûntwurpen troch de arsjitekt Christian Heinrich Tramm (1857-60) yn Hannover. Yn har memoires beskreau syn dochter Isidore de besikers fan it famyljehûs, dêr 't Johannes Brahms, Clara Schumann, Franz Liszt, Joseph Joachim, Ernst von Wildenbruch en Anton Rubinstein by wiene.
Gâns fan syn portretten, lykas dy fan keizeryn Elisabeth (Sisi), kroanprins Albrecht en de grevinne Stolberg, binne bûtengewoan detaillearre, sels hast ljochtjouwend. Syn bêste frouljuportretten fersterken syn reputaasje. Kaulbach ûntfong de gouden medalje fan de Berlynske keunstakademy op de wrâldtentoanstelling fan Wenen yn 1873.
Friedrich Kaulbach waard beïerdige op it Stadtfriedhof Engesohde yn Hannover.
Kaulbach syn soannen, Friedrich August, Anton en Sigmund (1854-1894) wiene ek keunstskilders.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Maria Ferdinanda fan Saksen, gruthartogin fan Toskane, 1851
-
Königliche Familie von Hannover (stúdzje)
-
Kroaning fan Karel de Grutte, 1861
-
Auguste, gruthartogin fan Mecklenburg-Schwerin
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Friedrich Kaulbach fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|