Springe nei ynhâld

Annaba

Ut Wikipedy
De ferzje fan 15 feb 2024 om 18.43 troch Riad Salih (oerlis | bydragen) (Logo of the city of Annaba during French colonization)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Annaba
عنابة


Flagge Wapen
Polityk
Lân Algerije
Provinsje Annaba (provinsje)
Distrikt Annaba (distrikt)
Sifers
Ynwennertal 257.359 (2008)
Oerflak 49 km²
Befolkingstichtens 5,300/km²
Hichte 3 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Koördinaten 36° 54' NB, 7° 46' EL
Annaba

Annaba (Arabysk: عنّابة‎, betsjut "Plak fan de Jujuben"; Berbersk: ⴱⵓⵏⴰ, Aânavaen), earder bekend as Bona en Bône, is in havenstêd oan de Middellânske See yn it noardeasten fan Algerije en is neffens ynwennertal de fjirde stêd yn it lân, nei Algiers, Oran en Constantine. It leit 536 km beëasten Algiers en 105 km bewesten de grins mei Tuneezje. Yn 2008 hie de stêd 257.359 ynwenners en de gânse stêdekloft hie goed 600.000 ynwenners.

Annaba woeks yn de tweintichste iuw reedlik hurd en waard it sintrum foar in grut part fan eastlik en súdlik Algerije. It is de grutste yndustrystêd fan it lân.

It hjoeddeistige Annaba ûntstie op it plak fan Afrodisium, dat de havenstêd fan de Romeinske stêd Hippo Regius wie. De hjoeddeistige stêd woeks lykwols om de ruïnen fan Hippo Regius hinne, dy't súdlik fan de stêd leine. De eardere nammen Bône en Bona kamen fan "Ubbo", dat in pleatslike foarm fan de namme Hippo wie. De bynamme "Lân fan de Jujuben" (بلد العناب, Balad al-Unnāb) komt fan de oerfloed fan it fruit yn de omkriten.

De Wikipedy hat ek in side Hippo Regius.

Fenysjers stiften it plak yn de tolfde iuw f.Kr.. De Romeinen neamden it Hippo Regius ("Keninklik Hippo"), om't it de residinsje fan de Numidyske keningen wie. Hippo Regius waard in sintrum fan it iere kristendom yn it westen. Der waarden ferskate synoaden holden en it wie it plak fan it fersprieden fan de boeken fan it Nije Testamint. Augustinus fan Hippo wie de biskop dêre fan 396 n.Kr. oant syn dea yn 430. De stêd waard yn de fyfde iuw troch de Fandalen ferwoastge. De stêd waard troch de Fandalen oerhearske oant yn 534 de Byzantynske generaal Belisarius de stêd yn de Fandaalske Oarloch oermastere en ynlive. Hippona, sa't de stêd sûnt 395 hiet, waard yn 699 troch de Arabieren oermastere. Dêrnei waard de stêd regearre troch Abbasiden, Achlabiden, Fatamiden en Siriden. Nei in floed yn 1033 waard de stêd, ûnder Hammadidyske hearskippij, nei syn hjoeddeistich plak ferpleatst. Bona waard yn 1034 troch in float fan de Republyk Pisa oanfallen en it waard yn 1153 troch it Keninkryk Sisylje oermastere. Yn 1160 waard it troch de Almohaden oermastere. Yn de alfde iuw setten de Banu Hilal, in Arabyske stammegroep, harren nei wenjen yn it hjoeddeistige Tuneezje, Tripolitaanje en eastlik Algerije.

Nei de fal fan de Almohaden, sette yn 1250 de hearskippij fan de Hafsiden útein yn Annaba. Yn 1533 kaam Annaba ûnder Ottomaanske hearskippij oant de Frânske kolonisaasje yn 1832. Fan 1535 oant 1540 rekke it tydlik yn Spaanske hannen. Fan de sechtjinde oant de njoggentjinde iuw brûkten de Barbarijske seerôvers de haven fan Annaba as ien fan harren útfalsbasissen.

Lettere ûntjouwings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Bône yn 1899

Under Frânsk gesach waard de stêd Bône neamd en waard it ien fan de grutste Frânske stêden yn Algerije. Hjoed-de-dei is der noch hieltyd in reedlik grutte minderheid fan pied-noirs yn de stêd. In ferneamde pied-noir dy't yn Bône berne waard, wie de maarskalk fan Frankryk Alphonse Juin.

Fan 1865 oant 1869 waard de haven fan Bône mei 80 bunder útwreide om it izererts fan de minen fan Mokta el-Hadid te ferfieren. In koart spoar fan de myn nei de haven waard yn 1864 oanlein en dat wie de earste spoarline fan Algerije. Produksje fan izererts sette yn 1865 op grutte skaal útein. Der waard doe 22.000 ton erts produsearre en yn 1869 wie dat al 255.000 ton. It erts waard út de minen wûn en nei Bône ferfierd, dêr't it nei Frânske izer- en stielferwurkjende fabriken ferfierd waard. Fierder waard de haven brûkt foar it útfieren fan fosfaten, leaderts en sinkerts. Keizer Napoleon III besocht de stêd en de minen yn 1865.

Foar't de minen iepene waarden hie Bône 10.000 ynwenners en yn 1924 wennen der al 41.000 minsken. Yn 1943 waard Bône in wichtige útfalsbasis fan Operation Torch fan de Amerikaanske en Britske legers. Dêrwei sette de ynfaazje fan Tuneezje út ein om de legers fan de As-steaten út Noard-Afrika te ferdriuwen. Bône wie oant 1945 yn Alliearde hannen, wêrnei't it fannijs in part fan Frânsk Algerije waard. Yn 1962 waard Algerije ûnôfhinklik en dêrnei feroare de namme fan Bône yn Annaba.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Annaba is ien fan de grutste toeristyske attraksjes yn it westlike Middellânske Seegebiet. It is in kustplak mei bergen fan de Eddoug en heuvels en dellings deromhinne. Dat makket de stêd populêr foar toeristen. Oare toeristyske attraksjes binne de strannen: Djenane el Bey (La Grande Plage), Ras el Hamra en Ain Achir.

It nasjonaal park El Kala leit beëasten de stêd deunby de Tunezyske grins.

Annaba hat ek ferskate religieuze monuminten, lykas de basilyk fan Sint-Augustinus. It âlde Hippo Regius wie in wichtich biskopsit ear't it troch de Fandalen ferwoastge waard.

Annaba is ek ferneamd om syn promenade, de Concours de la Révolution, dy't in plak mei in drok útgeanslibben is.

Panorama fan Annaba


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes et Références, op dizze side.