Springe nei ynhâld

Parochytsjerke fan Crediton

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 jan 2024 om 21.11 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (+ posysjekaart, + kt.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Parochytsjerke fan Crediton

Crediton Parish Church

Lokaasje
lân Ingelân
greefskip Devon
plak Crediton
adres Church St
koördinaten 50° 47' N 3° 39' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Anglikaanske Tsjerke
patroanhillige Hillich Krús, Marije
Arsjitektuer
boujier 15e iuw
boustyl Ingelske gotyk
monumintale status Grade I listed building
Webside
www.creditonparishchurch.org.uk
Kaart
Parochytsjerke fan Crediton (Ingelân)
Parochytsjerke fan Crediton

De Parochytsjerke fan Crediton (Crediton Parish Church, formeel de Church of the Holy Cross and the Mother of Him who Hung Thereon, (Tsjerke fan it Hillich Krús en de Mem fan Him Dy't Dêroan Hinge) is in tsjerkegebou yn Crediton yn it greefskip Devon, Ingelân. De tsjerke stiet op it plak fan 'e katedraal fan it eardere bisdom, oant yn 1050 de biskopssit ferhûze nei Exeter. It skip en it koer fan it hjoeddeiske gebou datearje fan 'e 15e iuw. By de Ingelske reformaasje waard de tsjerke yn 1545 oerdroegen oan 'e Kroan en waard it kolleezje fan koarhearen, dat efterbleaun wie om de gebouwen te behearen, opheft.

Ynterieur.

De tsjerke fan Crediton hat in skiednis dy't langer is as hokker tsjerke fan Devon ek, ynklusyf dy fan 'e katedraal fan Exeter. Oan it begjin fan 'e 10e iuw foel de kar op Crediton as de sit fan it bisdom fan Devon en Cornwall en der waard yn opdracht fan de yn 909 keazen biskop Eadwulf fan Crediton fanôf it jier 910 útein set mei de bou fan in katedraal foar it nije bisdom. Nei alle gedachten gyng it om in houten katedraal, mar dêr is fierder gjin bewiis fan. Fanôf 926 hie Cornwall in eigen biskop, ynearsten noch as in suffragaanbiskop fan Crediton, mar sûnt 994 waard Cornwall in folweardich bisdom. It bisdom bestie mar oant 1020, doe't it wer yn it bisdom fan Crediton opgyng. De cathedra, de troan fan de biskop, ferhûze nei't Leofric biskop waard yn 1050 nei Exeter. Yn in brief oan Edward de Belider liet de biskop witte dat Exeter better te ferdigenjen wie tsjin de ynfallende Denen, itjinge wis wier wie, mar oan 'e paus fertroude deselde biskop ta dat hy net fêst sitte woe yn in earmluzich doarp, lykas er it 11e iuwske Crediton omskreau.

De biskopssit ferhûze nei Exeter, mar it biskoplik paleis bleau yn Crediton. Yn 'e jierren 1130 waard útein set mei de bou fan in nije romaanske kollegiale tsjerke op it hjoeddeiske plak. De kollegiale tsjerke wie altiten sekulier, gjin fan 'e koarhearen libbe yn in muontsenmienskip. Harren wurk waard betelle út de ynkomsten fan tsienden út it grutte lânbesit fan 'e parochy.

Oarspronklik wie de tsjerke wijd oan Marije, mar sûnt de jierren 1230 rekke de namme "Tsjerke fan it Hillich Krús en de Mem fan Him Dy't Dêroan Hinge" yn gebrûk. Yn 'e 13e iuw waard de tsjerke grutter makke troch in Marijekapel en in kapittelhûs oan te bouwen. Under biskop Jehannes fan Grandisson waard de kultus om Sint-Bonifatius hinne yn Crediton yntrodusearre. Yn 'e jierren 1970 makke de byldhouwer Witold Gracjan Kawalec in nij byld fan de apostel.

Yn in midsiuwsk testamint waard ferklearre dat it romaanske skip hast mei de grûn lyk lei. Legaten út deselde tiid soargen foar genôch jild om it hiele skip en it koer folslein op 'e nij op te bouwen, dat oan it begjin fan 'e 15e iuw yn 'e goatyske Perpendicular-styl útein sette.

Mei de ynfiering fan ' e reformaasje waard de kollegiale tsjerke tusken 1545 en 1549 opheven. De tsjerke fan Crediton waard yn maaie 1545 oan 'e Kroan oerdroegen. Dêrmei drige de ôfbraak fan 'e tsjerke, mar al gau nei de oerdracht wisten de parochianen yn ûnderhannelings mei súkses de kollegiale tsjerke fan de Kroan werom te krijen. De priis dy't de stêd dêrfoar oan 'e kening betelje moast wie in fergoeding fan £ 200.

Yn 'e 19e iuw waard de tsjerke oer in tiidrek fan 40 jier restaurearre.

Doe't yn de buert fan 'e tsjerke yn 'e Twadde Wrâldkriich in myn eksplodearre, gyngen guon ramen ferlern, mar de tsjerke sels bleau sparre.

It Tuckfield Monumint (lofts) en it grêfmonuminten foar William Peryam (rjochts)
  • Oan 'e noardlike kant fan it koer stiet it grêfmonumint foar William Peryam (1534-1604), bewenner fan it eardere lângoed Little Fulford.
  • Ek oan 'e noardlike kant fan it koer, grinzgjend oan it monumint fan Peryam, stiet it Tuckfield Monumint. De sittende frou is Elizabeth Tuckfield (1593-1630), dy't Little Fulford erfde fan 'e famylje Peryam.
  • It finster yn 'e súdlike muorre fan it transept hat in raam út 1924 mei wapens fan famyljes, dy't by de parochy hearden. It raam koe makke wurde tanksij in erfenis fan W.M. Smith-Dorrien (ferstoarn yn 1924), dûmny fan Crediton.
  • Oan it eastlike kant fan it súdlike koerskip stiet in monumint fan John de Sully (1282-1388) en syn frou Isobel.
  • Oan 'e westlike kant fan 'e bôge fan 'e toer (dus oan 'e kant fan it middenskip) is in monumintaal betinkingsmonumint foar generaal Redvers Buller (1839-1908) oanbrocht.

It oargel waard oarspronklik yn 1915 ûntwurpen troch de oargelist fan 'e tsjerke, Harold Organ. It waard úteinlik boud troch Harrison & Harrison út Durham en foar it earst brûkt yn 1921. Yn 2001 waard it oargel restaurearre en yn in nije oargelkas set.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Crediton Parish Church