Springe nei ynhâld

Maranathatsjerke (Droegeham)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 6 jan 2024 om 21.19 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Maranathatsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Droegeham
adres Lytse Wei 22
koördinaten 53° 11' N 6° 06' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Kristlike Grifformearde Tsjerke
Arsjitektuer
boujier 1972
Webside
Side CGK Droegeham
Kaart
Maranathatsjerke (Fryslân)
Maranathatsjerke

De Maranathatsjerke is de tsjerke fan 'e Kristlik Grifformearde tsjerke yn Droegeham.

De tsjerke waard yn 1972 boud op it plak fan in âldere Kristlik Grifformearde tsjerke út 1931. Fan 1946 oan 1949 dielde de gemeente it gebou mei de frijmakke gemeente.

Op 6 oktober 2005 bestie de Kristlik Grifformearde tsjerke fan Droegeham 75 jier. Yn it ramt fan it jubilieum publisearren de Hamster kristlik grifformearden it boek Van geslacht tot geslacht. 75 jaar Christelijke Gereformeerde Kerk Drogeham.[1]

It oargel fan 'e Maranathatsjerke waard yn 1993-1994 boud troch de firma Nijsse & Soan út it Siuwskse Oud Sabbinge. By de bou waard gebrûk makke fan âlder materjaal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: