Ipepaazje
ipepaazje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Satyrium w-album | ||||||||||||
Knoch, 1782 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De ipepaazje (Satyrium w-album) is in flintersoarte yn it skaai fan de beampaazjes (Satyrium).
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ipepaazje libbet by grutte iperenbeammen. Se binne foaral te finen yn Súd-Limburch en yn it easten fan it lân. It is in flinter dy't lestich te finen is. Yn Nederlân binne mar 105 ipepaazjes fûn. It hat altyd al in seldsume flinter west. Sûnt 1977 is de flinter efterútgong. De ypsykte briek út, wêrtroch der in soad sike mar ek sûne Ipen kapt binne. Der binne wol nije ipen plante mar dizze ipen drage noch gjin fruchten en binne dus gjin weardplanten. Yn de jierren tachtich like de flinter ferdwûn. Gelokkich binne yn de jierren njoggentich noch in pear flinters fûn. Útstoarn is er noch net, mar hy sit op it rântsje.
Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as slim bedrige, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.
Fljochtiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De flinter fljocht fanôf heal juny oant heal augustus. De flinter fljocht altyd yn 1 generaasje.
De flinter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wjuklingte is likernôch 16 mm. Op de efterwjuk foarmet in wite line in dúdlike W mei steile sydkanten. De oranje moanneplakken binne grut en hawwe de foarm fan heale moannen. Se binne swart mei in râne. De wyfkes binne in bytsje grutter as de mantsjes en de wyfkes binne ek in bytsje ljochter op 'e boppekant.
De rûp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rûp kin 15 lang wurde. It liif is gieleftich mei grien. It liif is bedekt mei lytse wite hierkes. Soms binne de rûpen ek wol readeftich. De folwoeksen rûp libbet op de boppekant fan ipeblêden. Hy kin it best fûn wurde troch fan ûnderen troch in blêd nei de sinne te sjen. De rûp groeit yn it foarjier en yn de foarsimmer. De rûp is likernôch trije wiken pop.
De rûp fret allinnich yp.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Flintersoarte
- Reachwjukflinter
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä