Johan Dijkstra (keunstner)
Johannes (Johan) Dijkstra (Grins, 23 desimber 1896 – Grins, 21 febrewaris 1978) wie in Nederlânsk keunstner. Hy wie keunstskilder, grafikus, glêzenier en dosint. Hy jildt as ien fan wichtichste Grinzer keunstners fan de tweintichste iuw.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy hie syn atelier oan de Spilsluizen, in ûntwerp fan syn freon en arsjitekt (en ferneamd fuotballer) Evert van Linge. Dijktra barde syn earste jild mei ynllustraasjes en reklamekeunst dy't er dêr makke. Hy wie ek boekbânûntwerper en ûntwerper fan ex librissen.
Yn 'e mande mei Jan Altink rjochte er 1918 de Grinzer Keunstrûnte De Ploeg op. Earst yn 1924 joech er him oer oan it ekspresjonisme. Johan Dijkstra en syn frou Marie (in suster fan Johan van Veen) kamen fia De Ploeg yn 'e kunde mei skriuwer/dichter Willem de Mérode. Hy makke yn 1924 fiif houtfiken foar it boek Ganymedes fan De Mérode. De ekspresjonistyske houtfiken binne mei opset sin primityf holden.
Dijkstra waard 1926 learaar by in tekenferiening fan Grinzer studinten. Dat fêst wurk joech romte foar it frije wurk fan skilderijen en in stikmannich byldhouwurken. Teffens makke er dekorûntwerpen by ynsênearre muzykútfieringen, dy't de komponist Daniël Ruyneman organisearre. Dijkstra syn earste artistike foarbyld wie Vincent van Gogh. Hy skildere it Grinzer plattelân, de stêd en portretten fan oare Ploeg-leden.
Fan 1930 ôf oan lei Dijkstra him fral ta op monumintale keunsten. Hij skiep in fresko yn it stedhûs fan Grins en learde fan Dútkse glêsskilders de technyk fan it brânskilderjen. Syn earste grutte monumintale opdracht fan foar de Twadde Wrâldoarloch wie it meitsjen fan de rúten foar de aula fan de Ryksuniversiteit, dy't ek twa frouljusheldinnen hawwe: de feministe Aletta Jacobs en de fersetsfrou Anda Kerkhoven. Dy lêste skildere er ferkate kearen, ek nei't hja, koart foar de befrijding yn 1945, deadien waard troch de Sicherheitsdienst.
Nei de oarloch folgen opdrachten foar glêswurk fan Doardt (Grutte Tsjerke), Coevorden en Utert (Geartetsjerke). Yn it bûtenlân (Manchester en Malmö) ûntwurp er mozaïken en die er mei oan groepsútstallings fan De Ploeg yn New York, Aldenboarch en de Biënnale fan Feneetsje.
Dijkstra rekke yn de lêste jierren fan syn libben wat yn de nederklits. Nei it ferstjerren fan syn frou Marie swalke er gauris troch de strjitten fan Grins. Hy makke net folle wurk mear. Yn syn keunstkritiken yn it Nieuwsblad van het Noorden helle er hieltyd fûler út; sadwaande hie er op it lêst mar in pear freonen oer. Dijkstra stoar yn de âldens fan 81 jier yn syn wenplak Grins.
Wurk foar útjouwers (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Oogsttafereel, omslach foar tydskrift Frisia, 1922
- Josef Cohen, Schemerverzen, houtfiken, Grinzer Keunstrûnte de Ploeg, 1923
- M.A.R.G. Poelhekke, Lyriek, bân, J.B. Wolters 1924
- Janneke Ratsma, Frysk Mearkesboek, bân en printjes, W.A. Eisma & Co. 1924
- A. van Veldhuizen, Met zes zintuigen de natuur in, bân en yllustraasjes, Kok Kampen 1926
- E.J. Huizenga-Onnekes, Het boek van Trijntje Soldaats, bân, printen en inysjalen, Noordhoff 1928
- K. ter Laan, Nieuw Groninger Woordenboek, bân, kaarten en platen, J.B. Wolters 1929
- Josef Cohen, In het wonderland van planten en dieren, bân en yllustraas, J.B. Wolters 1930
- E.J. Huizenga-Onnekes, Het boek van Minne Koning, printen en inysjalen, Noordhoff 1930
- F.M. Dostojewski (sic), De halfvolwassene, bân en stofomslach, De Gulden Ster 1929
- F.M. Dostojewski, De zachtmoedige, bân en houtfiken, De Gulden Ster 1929
- M. Gorki, Matwej, de zoon van een non, bân en stofomslach, De Gulden Ster, 1929
- Leonid Andrejew, De roode lach, bân, skutblêden en houtfiken, De Gulden Ster 1930
- Henri C. van Praag, Gelukkig niet te laat, berneferskes, printjes, De Gulden Ster, 1931
- N.S. Ljeskow, De priesters, bân, De Gulden Ster 1931
- Knut Hamsun, De vrouwen bij de pomp, omslach, De Gulden Ster 1932
- Alexej Tolstoy, Iwan de Verschrikkelijke, bân, De Gulden Ster om 1935
- F.M. Dostojewski, Herinnering uit het ondergrondse, bân en houtfyk, De Gulden Ster s.j.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Yntocht Sinteklaas (om 1932)
-
Muorreskildering (1936)
-
Betinkramen yn it Akadeemjegebou (Grins) (1937-1951)
-
Bedinkraam foar Catharina van Santen, Doart (1954)
-
Postdo, Termuntersyl (1957)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |