Springe nei ynhâld

Riuwe (harke)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 des 2023 om 00.30 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Riuwe

In riuwe (Wâldfrysk), ek wol harke (Klaaifrysk) of heaharke, is in stik ark dêr't foarôfgeande oan 'e meganisaasje fan 'e lânbou hea, dat op it lân lizzen bleau, mei opswile of skjinswile waard. In riuwe bestiet út in riuwestôk mei dêroan it riuwehaad. Dwerstroch dit riuwehaad sieten riuwetinen. It tal riuwetinen lei tusken 7 foar it opswyljen fan strie oant 23 by de nijste riuwen foar gers en hea. Grinslanner riuwen hawwe meast 16 tienen. [1] De âldste riuwen hiene in pear wylgetienen, de nijsten fjouwer of fiif spaanske reiden as kear. De selsmakke strieriuwe hie gjin fêste mjitte.

In riuwe bestiet út in frijwat lange houten stâle mei in skeansittend haad der oan. Dy skeante wie sa’n 70 graden. Troch dizze hoeke kin maklik gers of hea fanôf de sydkanten swile wurde en hoecht de swiler net middenyn it gers of hea te stean. Om de hoeke fan santich graden te boargjen is troch it riuwehaad en de stâle ien steunizer mei skroeftried trochboarre. De stâle siet wat út de midden fan de harklatte, sadat it iene diel fan de latte koarter is as it oare. It haad wie in goede heale meter lang, 3 sm. breed en 2,5 sm tsjok. Yn it haad sieten de sân trochrinnende tinen of tosken, pennen fan iken- of eskenhout makke. Alle tienen wiene 14 sm lang en stomp ôfpunte. Foar steun oan 'e stâle-haad-ferbining soarge ek in swiere bûgde iken tiene, dy ’t yn ‘e lytse hoeke makke wie. Siet it haad heaks oan ‘e stôk, dan wie it gjin riuwe, mar in klauwe. Dat wurke hiel oars, al kaam it op itselde del: it lân moast skjin.

Troch weinmakkers makke riuwen wiene altyd fan eskenhout. En wa 't harke sei ynstee fan riuwe, dy sei ek fan bargetosken. De lêste beneaming wie ek wat súdliker. In boel boeren hiene faak Liphúster harken, dy ’t justjes better yn 'e hân leine en dus makliker wurken.

Om steun oan de bûgde tienen te jaan, waard eartiids in twadde steunizer, it opstokje, oan it riuwehaad fêstmakke, dêr ’t de tienen trochroannen en sa mear ferbân hiene. Sa waard foarkomd dat it by elkoar swile hea net allinnich pkeard wurdt troch inkeld de riuwelatte. Letter doe ’t spaanske reiden de tienen ferfongen, brûkte men der in izerke foar, dat mei tried yn it riuwehaad fêstskroeve waard. De skeane tiene yn ‘e lytse hoeke makke plak foar in wat bûgd boutsje mei trie oan beide einen. Dêrmei waard de ferbining fan de riuwestôk mei it haad letterlik moerfêst.

Riuwestâlen hiene in wat skean rinnende punt op de ein. Soks om se rjochtop yn it lân stekke te kinnen as se ûnder it wurk net brûkt waarden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: