Levaillantspjocht
levaillantspjocht | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje fan 'e Lavaillantspjocht. | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Picus vaillantii | ||||||||||||
Malherbe, 1847 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De levaillantspjocht of Levaillants spjocht (Picus vaillantii) is in fûgel út de famylje fan 'e spjochten (Picidae). De soarte is ferneamd nei de Frânske ûntdekkingsreizger, sammeler en ornitolooch François Levaillant.
Taksonomy
Sawol de Levaillantspjocht as de Ibearyske griene spjocht waarden earder as ûndersoarte fan 'e Europeeske griene spjocht beskôge. De Lavaillantspjocht is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten fan binne.
Iten
De spjocht fangt ynsekten mei in flugge beweging fan 'e lange klibberige tonge.
Nêst
It nêst bestiet út in holte yn 'e beam en dêr wurde 4 oant 8 glânzgjende wite aaien op houtsnypsels lein.
Fersprieding
De spjocht libbet yn Marokko, Algerije en Tuneezje yn it noardwesten fan Afrika. De Levaillantspjocht briedt yn 'e wâlden fan it Atlasberchtme oant in hichte fan likernôch 2000 m.
Beskriuwing
Mei in lingte fan 30 oant 33 sm en in spanwiidte fan 45 oant 51 sm is de Lavaillantspjocht in grutte spjocht. De fûgel liket in soad op de Europeeske griene spjocht en de Ibearyske griene spjocht, fral op de wyfkes dêrfan, mar der is gjin oerlaping fan it leefgebiet.
De Levaillantspjocht is oan 'e boppekant donkergrien en fan ûnder gieleftich grien en hat in karmozyn kape op 'e kop. De swarte burd hat in bleke bopperâne. De romp is giel en de bûtenste einen fan 'e slachpennen binne swart en wyt streekt. De snaffel en de poaten binne laaigriis.
Mantsjes en wyfkes binne wakker allyk, allinne hat it mantsje in karmozyn kape, wylst it wyfke dêr griis is. Lykas by de Ibearyske griene spjocht misse beide geslachten it swart op it gesicht en om it each, dat by de measte soarten fan 'e griene spjocht te sjen is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Levaillant's woodpecker ( ferzje 24 desimber 2023)
|