Libbensferwachting
De libbensferwachting is yn 'e demografy (foar minsken) en yn 'e biology (foar bisten en planten) in statistysk begryp dat foar de leden fan in beskate groep (populaasje) yndividuën de ferwachte (trochsneed) libbensdoer oanjout. De meast brûkte foarm fan it begryp 'libbensferwachting' is libbensferwachting by de berte, dat de ferwachte totale libbensdoer oanjout. Yn 'e demografy makket men ek gebrûk fan it begryp 'kohortelibbensferwachting by de berte' foar alle yndividuën dy't yn in beskaat jier berne binne: in kohorte. Dy foarm fan libbensferwachting kin lykwols pas berekkene wurde foar kohorten fan sa lang lyn dat alle leden al ferstoarn binne.
Libbensferwachting moat net betize wurde mei oare demografyske begripen lykas lange libbensdoer en maksimale libbensspanne. Lange libbensdoer ferwiist nei de relatyf lange libbensspanne fan guon yndividuën yn in populaasje. De maksimale libbensspanne is de leeftyd by it ferstjerren fan 'e langst libjende leden fan in populaasje.
De libbensferwachting ferskilt nei tiid en plak. Yn 'e Brûnstiid en de Izertiid fan Jeropa bedroech de libbensferwachting by de berte 26 jier. Yn 2010 lei dat sifer foar de hiele wrâldbefolking op 67,2 jier. Yn Swazylân bedraacht de libbensferwachting 49 jier, wylst ynwenners fan Japan in libbensferwachting hawwe fan 83 jier. De ferklearring foar dizze ferskillen wurdt foarme troch korrespondearjende ferskillen yn libbensstyl en sûnenssoarch. Yn 'e Brûnstiid libben minsken in folle dreger bestean as tsjintwurdich en bestie der frijwol gjin sûnenssoarch. En Swazylân is in folle leger ûntwikkele lân as Japan. Troch bettere sûnenssoarch nimme poppestjerte, stjergefallen fan jonge froulju yn it kreambêd en stjergefallen fan (relatyf) jonge minsken troch ûngemakken, sykten, epidemyen en oarloggen ôf.
Om 'e effekten fan bygelyks poppestjerte bûten beskôging te litten, kin men ek gebrûk meitsjen fan 'e libbensferwachting metten fan it fyfde libbensjier ôf (yn demografysk jargon "e5"). Oant de midden fan 'e tweintichste iuw foarme de poppestjerte wrâldwiid sa'n 40% oant 60% fan 'e totale stjerte. As men de poppestjerte bûten beskôging lit, hiene minsken yn Jeropa fan 'e tolfde oant de njoggentjinde iuw net in libbensferwachting fan 40 jier, mar fan 55 jier. Dus, as se har iere bernetiid oerlibben, hiene se likernôch 50% kâns om 'e 55 te heljen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|