Springe nei ynhâld

Foarjiersblaujurkje

Ut Wikipedy
De ferzje fan 10 des 2023 om 00.47 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (oare ynfoboks)
foarjiersblaujurkje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje reachwjukflinters (Lycaenidae)
skaai beamblaujurkjes (Celastrina)
soarte
Celastrina ladon
Cramer, 1780
IUCN-status: gefoelich

It foarjiersblaujurkje (Celastrina ladon) is in flintersoarte yn it skaai fan de beamblaujurkjes (Celastrina).

Foarkommen

It foarjiersblaujurkje komt foar yn 'e hiele legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. Ek komt de flinter foar yn Kanada en yn it suden, bygelyks yn Kolombia en Meksiko. Se hâlde fan wiete gebieten mei beammen. Se komme faak foar oan de râne fan in bosk.

Flinter

De wjuklingte is ûngefear 24 mm. De foarjier generaasje is ljochtblau en de simmer generaasje is wyt fan kleur. Yn it foarjier hat it wyfke oan de úteinen fan de wjukken swarte rântsjes. De flinter hellet faak nektar út de sideplant, de brem en wylde liguster.

Fljochtiid

De flinter fljocht yn ferskillende generaasjes troch. Se fleane fan jannewaris oant oktober. Hoe noardliker hoe minder faak dat der ferskillende generaasjes binne. Ek is de fljochtiid dan minder lang.

Rûp

De rûp fret fan in soad ferskillende weardplanten.

Sjoch ek

Keppeling om utens