Springe nei ynhâld

Teeplant

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 nov 2023 om 23.03 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (+ ynfoboks)
teeplant
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift heide-eftigen (Ericales)
famylje teeplanten (Theaceae) []
skaai teeplanten (Camellia)
soarte
Camellia sinensis
(L.) Kuntze, 1887
ferspriedingsgebiet
Oarsprongsgebiet fan 'e teeplant.

De teeplant (Camellia sinensis) is in plant dy't fan oarsprong groeit yn Súdeast-Aazje. De jonge leaten fan dizze plant wurde brûkt om tee te meitsjen. Sinensis is Latyn foar Sineesk. Tsjintwurdich wurdt tee oer de heule wrâld yn tropyske en subtropyske gebieten ferboud. Fan dizze plant wurde wite tee, griene tee, oalong en swarte tee makke.

Teeplanazje yn Yndia
It sied fan Camellia sinensis

De teeplant is een grienbliuwende strûk of lytse beam dy't sa'n 17 m heech wurde kin, mar meastal oant ûnder de twa meter snoeid wurdt as it om de blêden kweekt wurdt. De plant hat in sterke pinnewoartel. De blommen binne giel-wyt mei in diameter fan sa'n 2,5-4 sm mei 7 of 8 blomblêdsjes.

De siedden fan de teeplant kinne fynmeald wurde foar tee-oalje, in swiete oalje om iten te sieden dy't net betize wurde moat mei Tea Tree-oalje, in etearyske oalje dy't brûkt wurdt foar medyske en kosmetyske doelen en makke wurdt fan de blêden fan in oare plant.