Springe nei ynhâld

Joadedom

Ut Wikipedy
De ferzje fan 24 nov 2023 om 20.47 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Huh? Ik wit net hoe't se der no by komme om it sûnder tusken-n te skriuwen. Dat sil wol mear neffens de regels wêze, mar dit hat altyd in útsûndering west, dus wêrom moat it dan ynienen oars? Neffens my mei it allebeide en dan moatte de misnken sels mar witte hoe't se it skriuwe wolle.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De Davidsstjer
De menoara is in tradisjoneel symboal fan it joadedom

It joadedom[1][2] of joadendom[3][4] is de godstsjinst fan it Joadske folk.

It Joadedom is in monoteïstyske godstsjinst. De Joaden leauwe dat er mar ien God is dy't alles makke hat, en dêr't alle wêzens ûnderhearrich oan binne. It is de âldste noch besteande monoteïstyske godstsjinst, en de twa grutte monotheïstyske godstsjinsten, it Kristendom en de Islam, binne fan it Joadedom ôflaat.

Yn de Joadske godstsjinst nimt syn hillige boek de Tenach, dat oerienkomt mei wat yn it Kristendom it Alde Testamint neamd wurdt, in wichtich plak yn. Mei útsondering fan inkele passaazjes yn it Arameesk, is it skreaun yn it Hebriuwsk. De Tenach wurdt troch de Joaden sjoen as in iepenbiering fan God.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 855.
  2. Frysker
  3. Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 461.
  4. Visser, W., Frysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk, Drachten/Ljouwert, 1985 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 418, s. 315.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.