Mamma Mia (liet fan ABBA)
Mamma Mia | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Intermezzo No. 1 | |
artyst | ABBA | |
album | ABBA | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Pop | |
útbrocht | septimber 1975 | |
opnommen | Metronome Studios, 12 maart 1975 | |
doer | 3:35 | |
label | Polar Music | |
skriuwer | Benny Andersson, Stig Anderson, Björn Ulvaeus | |
produsint | Benny Andersson, Björn Ulvaeus | |
fideoclip | ||
Abba - Mamma Mia (Official Music Video) | ||
resultaten | ||
hitlisten | Kent Music Report - 1, Ö3 Austria Top 40 - 3, | |
sertifisearre | Denemark Goud, Itaalje Goud, Grut-Brittanje Platina, Joegoslaavje Sulver | |
tal covers | 8 |
Mamma Mia is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 12 maart 1975 yn de Metronome Studios yn Stockholm en útbrocht op it album ABBA út 1975. Mamma Mia wie it earste nûmer op it album en waard yn septimber 1975 útbrocht as sechsde single fan it album.
Oer it nûmer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mamma Mia is skreaun troch Benny Andersson, Björn Ulvaeus en Stig Anderson en is opnaam yn de Metronome Studios yn Stockholm. It kenmerkjende lûd oan it begjin fan it nûmer is de Marimba bespile troch Benny Andersson. ABBA hie yn earste ynstânsje net it plan op Mamma mia út te bringen as single. Mar doe't I Do, I Do, I Do, I Do, I Do 3 wiken lang op nûmer 1 stie yn Australië, rôp it publyk om mear ABBA. Mamma Mia waard yn septimber 1975 wrâldwiid op single útbrocht, en stjitte yn Ingelân de Bohemian Rhapsody fan Queen fan de nûmer 1 posysje.
Muzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Agnetha Fältskog – Sang
- Anni-Frid Lyngstad – Sang
- Björn Ulvaeus – Sang & Gitaar
- Benny Andersson – Sang, Piano, Marimba, Hammond oargel
Gastmuzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Janne Schaffer - Gitaar
- Mike Watson - Bas
- Roger Palm - Drums
A-Teens ferzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mamma Mia | ||
algemiene ynformaasje | ||
artyst | A-Teens | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Berne-Pop | |
útbrocht | 30 april 1999 | |
opnommen | Jam Lab Studios | |
doer | 3:44 | |
label | Polar Music | |
skriuwer | Benny Andersson, Stig Anderson, Björn Ulvaeus | |
produsint | Ole Evenrude | |
fideoclip | ||
A-Teens - Mamma Mia | ||
resultaten | ||
hitlisten | ARIA - 95, Ö3 Austria Top 40 - 14, Ultratop 50 Flanders - 10, RPM - 74, IFPI - 1, Suomen virallinen lista - 14, Suomen virallinen singlelista - 9, SNEP - 51, Official German Charts - 10, Íslenski Listinn Topp 40 - 20, Top 40 - 9, Single Top 100 - 7, Recorded Music NZ - 13, VG-lista - 3, OCC - 10, PROMUSICAE - 6, Sverigetopplistan - 1, Schweizer Hitparade - 9, UK Singles - 12 | |
sertifisearre | Noarwegen Goud, Sweden 4x Platina |
Yn 1999 brocht de Sweedske Berne-popgroep A-Teens it album The ABBA Generation út mei derop covers van ABBA. Mamma Mia wie it earste nûmer op it album en waard op 30 april 1999 as earste single fan it album útbrocht. En scoorden mei dizze cover in beskieden ynternasjonale hit en behellen yn Denemark en Sweden de nûmer 1 posysje.
Muzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Anneli Axon
- Anders Barrén
- Tee
- Image
- Ronald Malmberg
- Annika Sjölin
- Katarina Sjölin