Springe nei ynhâld

Bokwert

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 okt 2023 om 21.07 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (op SBNL)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Bokwert is in sabeare doarp yn de ferhalen fan Rink van der Velde, ûnder de skûlnamme Wabbe Wisses Rzn, dy’t alle wiken ferskynden yn de Ljouwerter Krante tusken 26 oktober 1970 en maaie 1992.

Ynspiraasje krige Van der Velde fan in korrespondint út Molkwar dy't, yn ieren en sinen in Fries, yn oandwaanlik Hollânsk de feiten en fiten út syn doarp beskreau. Yn de artikels fan Van der Velde like it krekt as wienen de artikels oernomd út it lokale wykblêd 'Nieuws- en advertentieblad Bokwerder Belang'. Steller dêrfan wie in Wabbe Wisses Rzn. Dy besocht steefêst om him yn eptige folsinnen út te drukken, mei as handikap dat er syn memmetaal Frysk letterlik oersette yn it Nederlânsk. Der wurdt dan in griemmank fan Frysk en Nederlânsk brûkt dat fol stiet fan de frisismen: faak letterlik oersetten typysk Fryske útdrukkingen en taaleigen. De stikjes wienen faak in mylde spot op maatskiplike tendinzen as emansipaasje, fersoargingssteat en burokrasy. De ferhalen geane ek oer it ivige gefoel fan doarpen om eftersteld te wurden by de “Hoofdplaats”. Doeke Vaartjes, de foarsitter fan Pleatslik Belang, wie dan ek ivich yn de striid mei de gemeente omdat dy it haadplak foarluts. Kleurrike figueren yn de ferhalen binne Doeke Vaartjes (foarsitter Pleatslik Belang), de widdo Fokeltje Snikstra-Weening (baakster), Gosse Ongemak, Iebele Flapper, Bote Bijster en de pleatslike agooch drs. Gijsbert Willemoed.

Nei't Rink van der Velde febrewaris 2001 ferstoarn wie lieten twa freonen in rou-advertinsje foar Wabbe Wisses[1] sette.[2]

Guon ferhalen ferskynden yn 1983 ek as stripferhaal: Bokwert en it oanbegjin / Bokwert en it swarte jild. By it ferskinen fan Bokwerd Totaal, de werútjefte-yn-ien-bân fan de bondels Bokwerd Vooruit, Bokwerd Omhoog en Bokwerd Forever, skreau de Friese Pers Boekerij yn gearwurking mei de redaksje fan de LC in priisfraach út foar ferhalen yn de trant van Bokwerder Belang. Fan de fjirtich ynstjoerings waard it bondeltsje Bokwerd en ander gegriem, gearstald troch sjueryleden Pieter de Groot, Abe de Vries en Jelma Knol.

  • Bokwerd vooruit (1973, 1982 werprint)
  • Bokwerd omhoog! (1977)
  • Bokwerd for ever (1979)
  • Bokwerd Totaal, (448 siden, 2008) ISBN 978-90-330-0765-1
  • Bokwert en it oanbegjin / Bokwert en it swarte jild (1983)
  • Bloemlezen in Bokwerd (1988).
  • Bokwerd en ander gegriem (2009)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Overlijdensadvertentie Wabbe Wisses, Leeuwarder Courant, 21 febrewaris 2001; de foarnamme waard ûnrjochtlik as Wabe stavere.
  2. Oppewal, Teake, e.a. (red) (2006) Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur., s. 242. Amsterdam: Bert Bakker.