Frisisme

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In frisisme is in taalkundige term foar in barbarisme (in ynslûpsel út in frjemde taal) út it Frysk wei. Frisismen sille fral yn it Nederlânsk foarkomme. Dêrby giet it net om 'e Nederlânske standerttaal, mar om it Nederlânsk sa't dat sprutsen wurdt troch lju dy't fan hûs út Frysktalich binne. Men kin dan tinke oan útdrukkings as "zie eens!" (moat wêze: "kijk eens!") of "het valt me niet af" (moat wêze: "het valt me niet tegen"). Ek op grammatikaal mêd komme frisismen foar, bygelyks yn 'e sinsbou fan: "hij is staan gebleven" (moat wêze: "hij is blijven staan"). It tsjinstelde fan in frisisme is in hollanisme, dat ynfloed fan it Nederlânsk op it Frysk oantsjut.

Frisismen waarden op in komyske manear brûkt yn 'e langrinnende kollumn Uit Bokwerder Belang, yn 'e Ljouwerter Krante, wêryn't skriuwer Rink van der Velde him tusken 1970 en 1992 foardie as Wabbe Wisses Rzn., de haadredakteur fan it doarpskrantsje Bokwerder Belang fan it fiktive Fryske doarp Bokwert. Hoewol't Wisses net folle ophie mei it Frysk, wie syn Nederlânsk mei Fryske ynfloeden ôfmakke. Hjirûnder by wize fan yllustraasje in sitaat mei de frisismen ûnderstreke.

Uren, dagen, maanden, jaren, vliegen als één schaduw heen... als 't ons niet mist hebben de broeren Halbertsma deze woorden geschreven. En hoe waar zijn deze woorden. Want ook het jaar 1971 is weer heen gevloden. Aanvankelijk waren wij van doel deze jaargang van ons Bokwerder Belang af te sluiten met een terugblik. Wij wilden even stilstaan en over het schouder zien naar het achter ons liggende jaar. Als men op jaren komt zoals wij dan heeft men die aanstrijd wel eens en daarbij schiet ons het moed wel eens vol.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Velde, Rink van der, Bokwerd Totaal, s. 37.

  • Boelens, K.; Feitsma, A.; Pietersen, L.; Pietersen, P.W.; Straatsma, R.; Vledder, G.H.; Zondag, K., Twataligens: Ynlieding yn Underskate Aspekten fan 'e Twataligens, Ljouwert, 1981 (Afûk/Fryske Akademy), ISBN 9 06 27 30 086.
  • Velde, Rink van der, Bokwerd Totaal, Ljouwert, 2008 (Friese Pers Boekerij), ISBN 978-9 03 30 07 651.