Springe nei ynhâld

Steingaden

Ut Wikipedy
De ferzje fan 1 okt 2023 om 21.18 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (- wytregel)
Steingaden
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Beieren
lânkring Weilheim-Schongau
Stedsyndieling 53 Ortsteile
Sifers
Ynwennertal 2.917 (2021)
Oerflak 64,04 km²
Befolkingsticht. 46 ynw./km²
Hichte 763 m
Oar
Postkoade 86989
Koördinaten 47° 42' N 10° 52' E
Offisjele webside
steingaden.de
Kaart
Steingaden (Beieren)
Steingaden

Steingaden is in doarp en gemeente yn 'e lânkring Weilheim-Schongau yn 'e Dútske dielsteat Beieren.

De gemeente leit oan 'e foet fan 'e Alpen op de grins fan Opper-Beieren en de Allgäu.

Skiednis

Oant de sekularisaasje fan 1803 yn Beieren hearde Steingaden by de abdij fan Steingaden, dy't yn 1147 stifte wie troch Welv VI, de markgreve van Toskane en hartoch fan Spoleto.

Mei de bestjoerlike herfoarming fan Beieren yn 1818 waard Steingaden in selsstannige gemeente, wylst de gemeenten Fronreiten, Lauterbach en Urspring mei de bestjoerlike herfoarmings yn 'e jierren 1980 oan de gemeente Steingaden tafoege waarden.

Yndieling gemeente

De gemeente bestiet út 53 plakken en plakjes (ynklúsyf lytse buorskippen):

  • Biberschwöll
  • Bichl
  • Boschach
  • Brandach
  • Brandstatt
  • Butzau
  • Deutenhof
  • Deutensee
  • Egart
  • Engen
  • Fronreiten
  • Gagras
  • Gmeind
  • Gogel
  • Graben
  • Hiebler
  • Hirschau
  • Ilberg
  • Ilgen
  • Illach
  • Jagdberg
  • Karlsebene
  • Kellershof
  • Kohlhofen
  • Kreisten
  • Kreuzberg
  • Kuchen
  • Langau
  • Lauterbach
  • Lechen
  • Lindegg
  • Litzau
  • Maderbichl
  • Moos
  • Oberengen
  • Reitersau
  • Resle
  • Riesen
  • Sandgraben
  • Schlatt
  • Schlauch
  • Schwarzenbach
  • Staltannen
  • Steingädele]]
  • Steingaden
  • Tannen
  • Thal
  • Unterengen
  • Urspring
  • Vordergründl
  • Wies
  • Wiesle
  • Zöpfhalden

It besjen wurdich

  • Steingaden: Premonstratinzer stiftstsjerke Sint-Jehannes Baptist;
  • Steingaden: Tsjerke fan it Hillich Krús;
  • Steingaden: Kleastermuseum im Pfarrhof;
  • Wies: UNESCO-wrâlderfgoed Beafearttsjerke fan Wies mei it beafeartsmuseum;
  • Ilgen: Beafearttsjerke Marije-Fisitaasje;
  • Urspring: Marije Magdalenatsjerke.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Steingaden fan Wikimedia Commons.