Springe nei ynhâld

KNYL

Ut Wikipedy
De ferzje fan 1 okt 2023 om 18.20 troch Drewes (oerlis | bydragen) (plaatsje)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
It wapenskyld fan it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger
Artillery fan it East-Yndysk leger yn Grut Tenue, 1896.

De KNYL, folút Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger wie oant 1830 in ûnderdiel fan it Nederlânske leger, fan dy tiid ôf in selsstannich leger.

Yn it ramt fan de pasifikaasje waarden troch it KNYL in protte aksjes fierd, û.m. yn de Atjeh-kriich (1873-1901). Yn de Twadde Wrâldkriich die bliken dat it KNYL net opwoeksen wie tsjin it Japanske leger; op 9 maart 1942 moast it kapitulearre. Nei de oarloch waard it leger ûnder lieding fan generaal S.H. Spoor reorganisearre. Fersterke mei troepen fan de Keninklike Lânmacht operearre it yn de beide polisjonele aksjes. Yn july 1950, neidat Nederlânsk-Ynje ophâlde te bestean omdat Yndoneezje ûnôfhinklik wurden wie, waard it KNYL ûntbûn. In grut part fan de militêren waard mei harren famylje nei Nederlân repatrieare.

Kommandanten fan it KNYL

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]