Enno II fan Eastfryslân
Appearance
Enno II fan Eastfryslân | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Eastfrysk | |
bertedatum | ±1505 | |
berteplak | ? | |
stjerdatum | 1540 | |
stjerplak | Emden | |
Greve fan Eastfryslân | ||
regear | 1528 – 1540 | |
foargonger | Edzard de Grutte | |
opfolger | Anna fan Aldenburch (regintesse) |
Enno II (om 1505 - Emden, 1540) wie greve fan Eastfryslân. Hy wie soan fan Edzard de Grutte fan Eastfryslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Luterske Enno II waard yn 1528 greve fan Eastfryslân en regearre in lang skoft mei syn katolike broer Jehan. Enno II hat wakker yn 't spier west foar de Luterske tsjerke yn Eastfryslân, dy't dêrtroch aloan grutter waard yn Eastfryslân.
Enno II die it minder goed as syn heit. Under it bewâld fan Enno II ferlear Eastfryslân it Jeverlân en Bûtjadingen. It Harlingerlân ferovere hy yn 1530, mar mei stipe fan de hartoch fan Gelre koe Baltasar Oomkens fan Esens op 'e nij haadling wurde yn it Harlingerlân.