Springe nei ynhâld

Stiftstsjerke Diez

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 sep 2023 om 18.32 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (+ kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Stiftstsjerke Diez
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Lahn-Kreis
plak Diez
adres Schlossberg
koördinaten 50° 22' N 8° 24.3' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip protestantisme
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
boustyl romaanske arsjitektuer
Webside
Side Stiftskirche Diez
Kaart
Stiftstsjerke Diez (Rynlân-Palts)
Stiftstsjerke Diez

De Stiftstsjerke Sint-Marije (Dútsk: Stiftskirche Diez St. Maria) is in oarspronklik oan Marije wijd tsjerkegebou yn Diez yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

Grêf Amalia fan Nassau-Diez

De tsjerke stiet oan 'e foet fan it greveslot fan Diez en datearret út it lêste stik fan 'e 13e iuw. It wie de tsjerke fan in troch greve Gerhard IV fan Diez (1272-1306) oprjochte stift, dat oant 1564 bestie. Yn dat jier gyng de stêd oer op 'e reformaasje. It stift waard opheft en de tsjerke waard in protestantsk tsjerkegebou.

Yn 'e tsjerke binne meardere grêfmonuminten fan it grevehûs Diez-Nassau. Fral de sarkofaach fan Amalia fan Nassau-Diez yn it rjochter sydskip is it besjen wurdich. Har dochters fûnen harren lêste rêstplak yn 'e grêfkelder.

Opfallend is ek it stiennen doopfont, dat romaansk en âlder is as de tsjerke sels en werfan't de oarsprong net bekend is.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.