Greg LeMond
Greg LeMond | ||
sporter | ||
Greg LeMond (1989) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Gregory James LeMond | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 26 juny 1961 | |
berteplak | Lakewood | |
lingte | 178 sm | |
gewicht | 67 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Dykhurdfytsen | |
debút | 1976 | |
karriêre-ein | 1994 | |
wichtige prestaasjes | ||
Omgong fan Frankryk (1986, 1989, 1990) (3x), Wrâldkampioenskip (1983 & 1989) |
Gregory James LeMond (Lakewood Kalifornje, 26 juny 1961) is in earder Amerikaansk hurdfytser en wie trije kear winner fan de Omgong fan Frankryk. Derneist waard ek twa kear wrâldkampioen op 'e dyk.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]LeMond begûn syn profesjonele karriêre as hurdfytser yn 1981 nei fjouwer jier as amateur by de nasjonale ploech fan Amearika fytst te hawwen. Yn 1983 waard er de earste Amerikaanske hurdfytser dy't it Wrâldkampioenskip hurdfytsen wûn. LeMond wûn de Omgong fan Frankryk yn 1986; hy is de earste net-Jeropeeske hurdfytser dy't de Tour wûn hat. Yn 1987 rekke er slim ferwûne by in jachtûngelok. Nei dat ûngelok ûndergie er twa operaasjes en miste er de folgjende twa Omgongen fan Frankryk. Yn de Omgong fan Frankryk fan 1989 wie er wer werom en slagge it him de lêste etappe fan de omgong te winnen en dermei de einoerwinning fan de Omgong fan Frankryk dat jier. It jier dêrnei ferdigene hy mei sukses syn Omgong-titel. Lemond hold yn 1994 op mei hurdfytsen en rjochte dêrnei in fytsfabryk op, LeMond Racing Cycles, in fabryk foar fitnessapparatuer. LeMond Fitness Inc. Ek hat er noch in restaurant mei de namme Tour de France.
Dielnimming oan grutte omgongen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dielnimming oan de Omgong fan Frankryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1984 - 3e;
- 1985 - 2e; winner 21ste etappe
- 1986 - 1e; winner 13e etappe
- 1989 - 1e; winner 5e, 19e en de 21ste etappe
- 1990 - 1e;
- 1991 - 7e;
- 1992 - Net finisht;
- 1994 - Net finisht;
Dielnimming oan de Omgong fan Spanje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1983 - Net finisht
Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1985 - 3e;
- 1986 - 4e; winner 5e etappe
- 1988 - Net finisht;
- 1989 - 39e;
- 1990 - 105e;
- 1991 - Net finisht;
- 1993 - Net finisht ;
Ploegen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1976–1980 - Nasjonale ploeg fan 'e Feriene Steaten
- 1981-1984 - Renault
- 1985-1986 - La Vie claire
- 1987 - Toshiba
- 1988 - PDM
- 1989 - ADR-W-Cup
- 1990-1992 - Z
- 1993-1994 - Gan-Lemond
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|