Bradery
In bradery, diskemerk of kreamkemerk, is in jiermerk yn Nederlân en Belgje; de meidwaande winkelju biede spesjale produkten oan yn in diske foar harren winkel, op 'e strjitte.
Tagelyk is der gelegenheid foar (tradisjonele) ambachtslju en merklju om spesjaal guod oan de man te bringen. Faak wurdt der ek live muzyk makke troch in (omrinnende) band of is der strjitteater. Meiinoar jout dit in protte geselligens en drokte.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme is ûntstien út it feit dat der eartiids yn Flaanderen fleis en hjerring bret waard op in braderij en dy produkten dan ferkocht waarden. Yn it pleatslik West-Flaamsk of troch it West-Flaamsk beynfloede dialekt is de letter yn de standerttaal brûkte Brabantske -ij útgong in -ie klank wurden. Ut reden fan de ekonomyske- en kultuerele macht fan it greefskip Flaanderen de hiele Midsiuwen troch, bleau braderie de term foar soksoarte barren.