Vologda
Appearance
Vologda Вологда | ||
Kremlyn Vologda (2009) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ruslân | |
oblast | Vologda | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 306.593 (2022) | |
Oerflak | 116 km² | |
Befolkingsticht. | 3.369,15 / km² | |
Hichte | 120 m | |
Oar | ||
Stifting | 1147 (foar it earst neamd) | |
Tiidsône | Moskouske Tiid (MSD) (UTC+04:00) | |
Koördinaten | 59° 13' N 39° 54' E | |
Offisjele webside | ||
(ru) Side Vologda |
Vologda (Russysk: Вологда) is in stêd yn it noarden fan Europeesk-Ruslân. It is it haadplak fan de oblast (provinsje) Vologda. De stêd leit oan de rivier de Vologda, sa'n 450 kilometer benoarden Moskou en 550 kilometer eastlik fan Sint-Petersburch.
Vologda heart ta de Russyske stêden mei in tige weardefol histoarysk erfgoed. It hat 224 histoaryske monuminten.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste ekonomyske pylders binne tsjintwurdich masinebou, metaalbewurking, gemyske yndustry en hout- en papieryndustry.
De stêd hat mear as ien teäter, bibleteken en museums; teffens in grut ferskaat oan heger ûnderwiisynstellings.
Untjouwing befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Ynwennertal | Jier | Ynwennertal |
---|---|---|---|
1825 | 9.699 | 1959 | 139.137 |
1856 | 14.159 | 1970 | 177.751 |
1897 | 27.705 | 1979 | 236.537 |
1917 | 69.664 | 1989 | 282.802 |
1926 | 57.976 | 2002 | 293.046 |
1939 | 95.314 | 2010 | 285.983 |
1897, 1926–2002 folkstellingen
Berne yn Vologda
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Konstantin Nikolajevitsj Batjusjkov (1787-1855), dichter
- Valery Aleksandrovitsj Gawrilin (1939-1999), komponist
- Albina Achatova, biatlete
- Anna Bogali-Titovets, biatlete
- Warlam Tichonovitsj Sjalamov (1907-1982), skriuwer
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vologda fan Wikimedia Commons. |