Springe nei ynhâld

Johannes Vermeer

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 jun 2023 om 18.19 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (gjin stobbe mear)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Mooglik selsportret fan Vermeer, ôfbylde op De koppelaarster
It molkfamke (± 1658-1660) Oaljeferve op doek, 45.4 x 41 cm Ryksmuseum

Johannes Vermeer (Delft, ± 31 oktober 1632 - Delft, 15 desimber 1675) is ien fan de ferneamdste Nederlânske keunstskilders út de Nederlânske Gouden Iuw. Hy wurdt de Sfinks fan Delft neamd, riedseleftich troch de ûnneifolchbere kleurstelling en it bjusterbaarlike ljochtgehalte. Vermeer hie in foarkar foar tiidleaze, ynbannich mominten. Vermeer syn skilderijen, meast sjenrestikken en in pear histoarjestikken, allegory]en en stedsgesichten, ûnderskiede har troch in subtyl gebrûk fan kleuren in ideale komposysje. Hy brûkte soms djoere pigminten en hie in grutte foarkar foar ultramaryn en leadgiel.

It oerlevere oeuvre fan Vermeer is beskieden. Der wurde 34 oant 37 skilderijen oan him taskreaun. Ta de bekendste hearre Het Melkmeisje, Gezicht op Delft en Het meisje met de parel.

Vermeer heart ta de Alde Hollânske Masters.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]