Springe nei ynhâld

Friedrich Engels

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 jun 2023 om 15.03 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (oars)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Dit artikel is in stobbe oer politikus.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Friedrich Engels (1877)

Friedrich Engels (Barmen (Wuppertal), 28 novimber 1820 - Londen, 5 augustus 1895) wie in yndustrieel, sosjaal wittenskipper, skriuwer, polityk teoretikus, sosjalistysk filosoof en tegearre mei Karl Marx de grûnlizzer fan it kommunisme.

Yn 1845 publisearre er 'De Tastân fan de Arbeidersklasse yn Ingelân', grûnfêste op persoanlike waarnimming en ûndersyk. Yn 1848 publisearren Marx en Engels tegearre it Kommunistysk Manifest. Letter stipe er Marx om ûndersyk te dwaan en 'It Kapitaal' te skriuwen. Engels redigearre nei de dea fan Marx in tal dielen fan Das Kapital.