Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Weinterp

Ut Wikipedy
De ferzje fan 10 jun 2023 om 17.44 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (+ posysjekaart)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Nikolaastsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Opsterlân
plak Wynjewâld
adres Tsjerkereed 2
koördinaten 53° 2' N 6° 10' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Herfoarme PKN-gemeente Wynjewâld
patroanhillige Nikolaas fan Myra[1]
Arsjitektuer
boujier 1776-1778
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31869
Webside
Herfoarme PKN-gemeente Wynjewâld
Kaart
Tsjerke fan Weinterp (Fryslân)
Tsjerke fan Weinterp

De Tsjerke fan Weinterp is ien fan de twa tsjerkegebouwen fan de Herfoarme PKN-gemeente yn Wynjewâld.

Gevelstien

Oarspronklik stie de oan Nikolaas fan Myra wijde midsiuwske tsjerke fan Weinterp op in oar plak, nammentlik yn it natoergebiet it Weinterper Skar. De tsjerke waard dêr yn it lêste fearn fan de 18e iuw ôfbrutsen en dêrnei op it hjoeddeiske plak wer opboud. Yn it ramt fan de foltôging fan de tsjerke waard boppe de tagong in stien ynmitsele mei de tekst: De Here kendt de gene die de sijne zijn / Een legelijk die den naam van christus noemdt / Sta af zijn ongeregtigheidt (De Heare ken dy't sines binne en elk dy't de namme fan de Hear neamt, moat him fier hâlde fan ûngejochtichheid; 2 Timóteüs 2:19).

Oan de súdlike muorre stiet in preekstoel út 1778. De kûp is fersierd mei fykwurk, dat Moazes mei de Wet, de evangelisten mei harren symboalen en yn de hân in guozzefear útbyldet. Yn de dooptún, dy't troch it doopstek omheind wurdt, stiet lofts de bank foar de âlderlingen en rjochts de bank foar de diakenen. Foar de preekstoel oer stiet in hearebank mei it wapen fan Daniël de Blocq Lycklama à Nijeholt. Ut de goatyske tiid stamme in tal wangen oan de banken fan de froulju. Se binne dekorearre mei in twakoppige earn, in earn, in liuw en in okse en komme nei alle gedachten noch út de âlde tsjerke. Yn 2009 waarden twa kroanluchters mei tolve earms foar kjersen út de tsjerke wei stellen. De kroanluchters binne ferfongen troch replika's mei elektryske ferljochting.[2]

It oargel waard yn 1914 fan Jan Proper út Kampen oankocht. De oarsprong fan it oargel is net bekend. It ynstrumint wie waard twaddehâns levere en bestie út ûnderdielen ferkillende oargels. In oargel foldie net en al yn de jierren 1940 fertoande it ynstrumint mankeminten. De lêste desinnia fan de 20e iuw die it noch amper tsjinst.

Oargelbouwer S. Haarsma út Drachten wurke in pear jier oan in restauraasje. Hy ferfong dêrby ûnderdielen en feroare de disposysje mei it doel om der wer in harmonieus gehiel fan te meitsjen. It oargel waard op 1 july 2005 wer yn gebrûk nommen mei in sjongjûn en in konsert fan de Siuwske oargelbouwer René Nijsse, dy't Haarsma by de restauraasje holpen hie.[3]

Ut de tiid fan de bou fan de tsjerke datearret ek de klokkestoel. It is ien fan mar in pear klokkestuollen yn Nederlân dêr't trije klokken yn hingje. Yn 1984 waard de klokkestoel hielendal renovearre. De klokken binne yn 2015 restaurearre.[4]

Oan de súdkant fan it hôf stiet noch in bysûnder izeren krús. Yn it krús binne symboalen fan it Leauwe, de Hope en de Leafde, in sânglês foar de fergongklikens fan it libben, twa seinen en it jiertal 1865 op in orizjinele wize ferwurke.[5]

Tsjerke fan Duerswâld

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: