Stasjon Klarenbeek
Stasjon Klarenbeek Station Klarenbeek | ||
Stasjon Klarenbeek yn 2013 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân | |
Gemeente | Voorst | |
plak | Klarenbeek | |
adres | Hoofdweg | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Kbk | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 juny 1882 2 novimber 1942 Weriepening | |
sluting | 15 maaie 1938 | |
boujier | 1876 1e stasjonsgebou 1959 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1959 1e stasjonsgebou 1996 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1876 ûnbekende arsjitekt 1e stasjonsgebou 1959 W.B. Kloos 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Easterspoarwei | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Klarenbeek (Kbk) is in spoarweistasjon yn de buert fan Klarenbeek en waard iepene yn 1882 oan de Easterspoarwei (Amsterdam Sintraal - Sutfen). It bestiet út twa perrons dy't yn bajonetfoarm lizze, mei dertuskentroch de Hoofdweg.
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste stasjonsgebou wie in wachterswenning mei in houten oanbou dêr't inkelde stasjonsfunksjes yn ûnderbrocht wiene. It stasjon waard sletten yn 1938, mar waard yn 1942 wer iepene. It earste gebou waard ôfbrutsen yn 1959.
Tsjinoer de wachterswenning waard datselde jier in nij stasjonsgebou boud, bekend as Standerttype Velsen-Zeeweg fan de hân fan arsjitekt Willem Kloos. It gebou waard yn 1996 ôfbrutsen en wat oerbleau wiene allinne in tal abry's. Yn 2018 waard op it plak fan it twadde stasjonsgebou in húske delset.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
RS 30 17800 |
Stoptrein (Arriva) | Sutfen – Klarenbeek – Apeldoarn | In healoeretsjinst |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|