Slach om Moskou
Appearance
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Slach om Moskou (2 oktober 1941 – 7 jannewaris 1942) wie in fjildslach oan it Eastfront yn de Twadde Wrâldkriich. It plan fan Dútslân, as ûnderdiel fan Operaasje Barbarossa, wie om de haadstêd fan de Sovjet-Uny, Moskou, yn te nimmen. Nei't de opmars de earste moanne flink fertrage wie troch it hjerstwaar (raspûtytsja) en de ûnferwachts sterke wjerstân, koe it offensyf goed twa wike letter trochsetten wurde. It twadde offensyf mislearre lykwols finaal, nei't op 5 desimber 1941 it Reade Leger in grutte tsjinoanfal begûn. Hitler seach gjin oare mooglikheid as it weromlûken fan syn striidkrêften op 15 jannewaris 1942. It doel fan it Reade Leger om de Heeresgruppe Mitte alhiel te ferneatigjen waard lykwols net berikt.