Springe nei ynhâld

Eysingastate (Boerum)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 apr 2023 om 13.46 troch Lytsewâld-Augsbuert (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Eysingastate, ek wol 't Hoog is in eardere state, hy stie krekt noardeast fan Boerum, gemeente Kollumerlân. Fan de state is neat werom te finen.

It boujier is ûnbekend. It hûs wurdt meast ‘t Hoog neamd, in namme dy't ornaris jûn waard oan huzen fan bewenners mei rjochterlike macht. De state soe eigendom west hawwe fan it Gerkeskleaster.
Oan de tsjintwurdige fan Eysingawei, de wei nei Warfstermûne, foarby de nôtmûne lei Eijsingastate, dat troch 'De Skoalmaster' yn 1857 noch neamd wurdt.
In 1639 waarden state en lannen as earder kleastergoed troch de provinsje Fryslân ferkocht oan Sjouck Fogelsangh, frou fan Jacob Pibes Doma, dy't ek Eysmastate yn besit hân hawwe soe.

Yn it "Recesboek Weeskinderen" komt yn 1664 foar Jan Reiners Eisinge, mar oft hy mei Eijsingastate te krijen hie, is net dúdlik. Mooglik as pachter, want neffens mr. Andreae kaam it goed nei Sjouck fan Fogelsangh by fererving yn besit fan de famylje Fruitier (sjoch ek Abbemastate en Oostenburg yn Kollum). Pas yn 1853 waarden de state en lannen de Roode Schuur en de Fogelsanghsbank yn de tsjerke fan Boerum as hearrende by de state Het Hoog publyk ferkocht. By dizze state hearde yn de 18e iuw gjin lân as direkt om it hoarnleger.

  • 1639 fermoedlik Sjouck Fogelsangh en Jacob Pibes Doma
  • fam. Fruitier

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • States en stinzen yn Fryslân
  • P.N. Noomen, De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • mr. A.J. Andreae, Kollumerland en Nieuw Kruisland, 1883-1885
  • Herma M. van den Berg, De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Kollumerland