Halte Eindhoven Stadion
Appearance
Halte Eindhoven Stadion | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Brabân | |
Gemeente | Eindhoven | |
plak | Eindhoven | |
adres | PSV-Laan | |
arsjitektuer | ||
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1990 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 1 | |
perronspoaren | 1 | |
spoarline | Steatsline E | |
kaart | ||
Halte Eindhoven Stadion is in ienfâldich perron by it Philips Stadion yn Eindhoven. Dat waard yn 1990 boud. It is mei in rinbrêge ferbûn oan it stadion. It stasjon bestiet út mar ien perron, oan de kant fan it stadion. Treinen mei fuotbalsupporters fanút de rjochting Eindhoven Strijp-S nei Eindhoven Sintraal stopje hjir by guon thúswedstriden fan PSV. Ek wurdt dit stasjon soms brûkt as der yn it stadion in konsert jûn wurdt. By it ferlitten fan it stadion kin men allinnich reizgje yn de rjochting fan stasjon Eindhoven Sintraal. Halte Eindhoven Stadion is ien fan de weinige eveneminte haltes yn Nederlân dy't hjoed de dei noch yn gebrûk is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|