Geuchien Zijlma
Appearance
Geuchien Zijlma (Zuurdijk, 23 septimber 1842 - Grins, 12 juny 1922) wie in Nederlânsk politikus.
Zijlma wie in Grinslânske heareboer, dy't by de wat foarútstribjende liberalen yn Twadde en Earste Keamer hearde en hearde by de saneamde Club Pyttersen. Hy wie warber as gemeente- en provinsjebestjoerder yn Grinslân en waard troch it distrikt Súdhorn yn de Keamer keazen. Hy spriek meast oer lânbou en wettersteat en bepleite it proteksjonisme.
Yn 1891 publisearre Zijlma it boek Ommelander Schetsen. Dêrút binne twa koarte ferhalen bekend wurden. Dat wiene Het Monsterproces (oer Rudolf de Mepsche) en ’n Oavend op Dijpswaal, in humoristysk teltsje yn it Grinslânsk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|