Springe nei ynhâld

Blauwe Peal

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 apr 2023 om 19.46 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Blauwe Peal
keunstwurk
Blauwe Peal
Blauwe Peal
bysûnderheden
jier 1986
keunstner Ids Willemsma
materiaal stiel
diameter 28 meter lang
plak Ljouwert
lokaasje Pieter Stuyvesantwei

'Blauwe Peal' is in keunstwurk yn Ljouwert fan keunstner Ids Willemsma.

It byld stiet oan de foarside fan it eardere CCF-haadkantoar. De 28 meter lange peal stiet tsjin in bline muorre fan de leechbou. De peal hat de blauwe hûskleur fan de CCF. It keunstwurk waard op 26 septimber 1986 ûntbleate en waard oanbean troch de ûnderoannimmers dy’t it nije Blikmolke-Súd-Kompleks fan it CCF-fabryk bouden. [1] It wie de bedoeling om noch in twadde peal foar it haadkantoar te setten, mar dat is der nea fan komd. It byld stiet skean tsjin de muorre en foarmet dêrtroch in trijehoek. De trijehoek is in ferwizing nei de wjukken fan fûgels. Fûgels foarmje gauris in tema yn it wurk fan Ids Willemsma.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: