Springe nei ynhâld

Leie (rivier)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 apr 2023 om 03.05 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (km -> km²)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Rin fan de Leie
Boarne fan de Leie yn Lisbourg
De Leie yn Kortrijk
De Leie yn Gint

De Leie (Frânsk: Lys) is in rivier yn Frankryk en België. It is in sydrivier fan de Skelde en mûnet út yn de stêd Gent. De rivier is sa 'n 200 kilometer lang en ûntspringt yn de gemeemte Lisbourg. De rivier foarmet oer 26 km de Belgysk-Frânske grins fan Armentiers oant Menen. De rivier wurdt sûnt de midsiuwen brûkt foar transport.

De boarne fan de Leie yn Lisbourg is ien fan de meast typyske foarbylden fan in artezyske boarne. It hydrografyske bekken fan de Leie beslacht mei-inoar 4727 km², dêrfan leit likernôch 2900 km² yn Frankryk en likernôch 1825 km² yn België. Fan Sint-Eloois-Fiive ôf oant Gent rint de boaiem licht skean ôf, dêrtroch ûntstiene in protte meanders.

De Leie waard foar it earst neamd yn it jier 694 as Legia by, likernôch Sloten, de hjoeddeistige beafeartsoarde Oostakker-Thaddeus, deunby Gent. De fermelding as super fluvio Legia betsjut 'boppe de stream Leie'. It is net dúdlik hoe 't Legia útsprutsen waard, wat ymplikaasjes hat foar de mooglike orizjine. Der besteane twa konkurrearjende teoryen oer it komôf fan'e namme. Ofhinklik fan de útspraak fan de letter 'g' yn Legia wurdt in Keltyske of Belgyske oarsprong fermoede. Yn beide gefallen is it wurd lykwols werom te lieden ta in Yndo-Europeeske woartel lis, wat 'floeie of 'streame' betsjut.

Flaaksferwurkjen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Leie is fanâlds bekend om syn ferwurkjen fan flaaks. It wetter fan de Leie is earm oan kalk en izer, en dêrtroch gaadlik foar it rotsjen fan flaaks. By de wide iggen lâns, waard eartiids it flaaks yn oppers drûge. De rivier tanket der har bynamme oan: de Gouden rivier, nei de glâns dy't it yn de Leie rûgele flaaks hie. Yn 1943 waard it rotsjen fan flaaks yn de Leie sels of yn wetterrinnen fan it Leie-streamgebiet folslein ferbean om de miljeuoantaasting dy't der it gefolch fan wie de kop yn te drukken.

De rivier wie it plak fan trije fjildslaggen tusken de alliearden en it Dútske leger. Yn de Earste Wrâldoarloch yn 1918 wie de Leie it toaniel fan de Fjirde Slach om Ieper, dy 't diel útmakke fan it Dútske Maitiidsoffensyf en letter dat jier fan de Twadde Slach om de Leie, dy 't diel útmakke fan it Hûndertdagenoffensyf fan de alliearden. Yn de Twadde Wrâldoarloch wie de Slach oan de Leie part fan it Dútske offinsyf yn Flaanderen nei It Kanaal yn 1940.

Feroaringen oan de rin fan de Leie

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik mûne de Leie út yn de Skelde oan wat no de Portus Ganda hjit, deun by it stee fan de Sint-Baafsabdij. Fan it âlde kronkeljende trajekt streamop fan Deinze binne op de measte plakken noch de âlde ôfsletten earms oanwêzich. De measte gemeentegrinzen lâns de Leie komme noch oerien mei it âlde trajekt. Yn de jierren 60 fan de 20e iuw waard de Nederskelde yn it stedssintrum dimpt tusken it gebou Geeraard de Duivelsteen yn Gint en de Leie. Sûnt novimber 2018 is dat opnij sa, de Reep is folslein iepen en de ferbining waard makke fia de Scaldisslûs. Dy slûs hat in kolk foar rûnfeartboaten en lytse plezierboaten, mei dêrneist in skean flak foar kano's en kajaks. De eigentlike mûning fan de Leie is no de Gentse Ringvaart, dy 't yn de jierren 60 fan de 20e iuw groeven waard om oerstreamingen yn it sintrum tsjin te gean en it skipfeartferkear flotter ferrinne te litten.

Troch it Ofliedingskanaal fan de Leie of Schipdonkkanaal, dat de Leie ferbynt mei it Kanaal Gent-Brugge, bleau de ûnderrin fan de Leie fan Deinze behoede fan it rjochlûken fan har meanders. Dêr is farren mei skippen fan 20 meter of langer net mooglik. Twa tredde fan it Leiewetter wurdt ôffierd troch it Schipdonkkanaal; it restearjend treddepart streamt yn de toeristyske Leie.

Fan 1997 ôf waard de Leie yngeand rjochtlutsen, ferbrede en útdjippe yn en om de stêd Kortrijk hinne. Dy wurken makken de Leie befarber foar kontenerskippen en skippen oant 1350 ton en fierder yn de takomst oant 3000 ton, CEMT-klasse Vb. Der kin dan mei trije lagen konteners fearn wurde. Yn dat gefal moat der wol konkurrearjend farren wurde, lykas dat fan 1992 ôf al foar 1000 - tonners dien wurdt.

Nei oanpassing fan it trije kilometer lange trajekt fan Kortrijk en Komen is de grutte tonnemaat mooglik oant Rijsel fia de sydrivier de Deule, dêr 't dit foar de oanpassingen noch 600 ton wie. De rivier wie 20 meter breed en no 32 meter. De maksimaal talitten djipgong waard 6,50 meter, de brêgen waarden nei 7 meter trochfearthichte brocht.

De skipfeart yn it Leiebekken wurdt fierder befoardere troch it Kanaal Bossuit-Kortrijk, dat de Leie ferbynt mei de Skelde, it Kanaal Roeselare-Leie en it Afleidingskanaal fan de Leie of Schipdonkkanaal, dat de Leie ferbynt mei it Kanaal Gent-Brugge.

De Leiedelling hat de neifolgjende natuergebieten:

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: