Roubaix
Roubaix | ||
Stedhûs fan Roubaix | ||
Bestjoer | ||
Lân | Frankryk | |
Regio | Opper-Frankryk | |
Departemint | Noarderdepartemint (59)[1] | |
Boargemaster | Guillaume Delbar | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 98.828 (2019) | |
Oerflak | 13,23 km² | |
Befolkingsticht. | 7.470 ynw. km² | |
Stêdekloft | Jeropeeske metropoal fan Risel | |
Hichte | 35 m. boppe seenivo (17–52 m) | |
Oar | ||
Postkoade | 59100 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 50° 41′ N, 3° 10′ E | |
Offisjele webside | ||
www.ville-roubaix.fr |
Roubaix (Nederlânsk: Robaais; West-Flaamsk: Roboais) is in âlde yndustrystêd yn it noarden fan Frankryk, flak by de Belgyske grins. De stêd hie sa likernôch 96 tûzen ynwenners yn 2013 en wie dêrmei nei Risel en Amiens de op twa nei grutste stêd fan de regio Opper-Frankryk[2]. Roubaix foarmet in konurbaasje, mei de omlizzende stêden, Risel, Tourcoing, Villeneuve-d'Ascq en 86 oare gemeenten, wêr mear as in miljoen minsken wenje, dy't ûnder it gesach feriene fan in stêdekloft falt: de Jeropeeske metropoal fan Risel[3].
Mei de Yndustriële Revolúsje fan de njoggentjinde ieu, groeide Roubaix yn rap tempo. De befolking woeks fan 8.091 yn 1800 nei 124.661 yn 1896. De stêd doe waard in sintrum fan ynternasjonaal belang foar de wol- en tekstylyndustry en waard dêrom ek wol 'It Mansjester fan Frankryk' ferneamd. Mids 20e iuw rekke de tekstylsektor yn ferfal. Sûnt moat de ekonomy fan Roubaix it meast hawwe fan kultuer, mar seker ek fan toerisme. It Museum foar Keunst en Yndustry[4] en it Museum foar Tekstylen[5] lûke in soad minsken.
De stêd is hjoed-de-dei foaral bekend as oankomstplak fan de hurdfytswedstryd Parys-Roubaix.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Roubaix is bekend om syn sosjaal, kultureel en etnysk ferskaat. De ynwenners fan de stêd wurde yn it Frânsk “Roubaisiens” en yn it Pikardysk “Roubégnos” neamd.
Partnerstêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Roubaix hat mei acht stêden partnerskippen.
- Mönchengladbach, Dútslân, sûnt 1969
- Verviers, Belgje, sûnt 1969
- Bradford, Grut-Brittanje, sûnt 1969
- Skopje, Masedoanje, sûnt 1973
- Prato, Italië, sûnt 1981
- Sosnowiec, Poalen, sûnt 1993
- Covilhã, Portugal, sûnt 2000
- Bouira, Algerije, sûnt 2003
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Roubaix fan Wikimedia Commons. |
- Amtlike webside fan de stêd (fr)
- Webside foar toeristen (fr) (in) (ned)
- Keunstmuseum webside fan de stêd (fr)
- Tekstylmuseum webside fan de stêd (fr) (in) (ned)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |