Julius Vitringa Coulon (1824-1878)
Julius Vitringa Coulon (Ljouwert, 9 augustus 1824 - Wommels, 14 july 1878) wie in Nederlânsk bestjoerder fan Frysk komôf.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vitringa Coulon wie in soan fan dr. Aemilius Vitringa Coulon en Nieske Zeper. Syn beide pakes dr. Julius Vitringa Coulon (1767-1843) en Pier Zeper hawwe boargemasters west yn Ljouwert.
Hy waard yn of foar 1858 beneamd ta residint ter Kuste van Guinea, de Nederlânske Goudkust. Hy wie teffens rjochter yn Elmina, lid fan de koloniale ried en kommandant fan in tal forten oan de Goudkust. Mei yngong fan 15 maaie 1866 waard er op eigen fersyk ûntslein as residint.
Hy gie werom nei Nederlân en sette him nei wenjen yn Boxmeer. Yn 1869 boaske er dêre oan Elisabeth Johanna van Hien (1840-1918), dochter fan syn kollega koloniaal bestjoerder Carel van Hiem. Vitringa Coulon waard yn 1874 beneamd ta boargemaster fan Sleat; it jier dêrnei folge syn beneaming yn Hinnaarderadiel.
Vitringa Colon stoar, nei in sykte fan in pear wiken, yn de âldens fan 53 jier.
Kaart fan it distrikt Axim
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't Vitringa Coulon kommandant fan Fort Sint Anthony yn Axim wie, hjitte it Nederlânske koloniale bestjoer alle kommandanten om in kaart fan it gebiet om harren fort hinne te tekenjen, as part fan in administrative herfoarming dy't as doel hie de om sûzereiniteit oer de folken yn de omkriten fan it fort te festigjen. De kaart dy't Vitringa Coulon tekene, wurdt bewarre yn it Nasjonaal Argyf yn De Haach[1].
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk politikus
- Boargemaster fan Hinnaarderadiel
- Boargemaster fan Sleat
- Frysk rjochter
- Nederlânsk rjochter
- Frysk persoan fan Hugenoatsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Nederlânsk persoan fan Hugenoatsk komôf
- Persoan berne yn Ljouwert
- Persoan stoarn yn Wommels
- Persoan berne yn 1824
- Persoan stoarn yn 1878