Springe nei ynhâld

Protestantske tsjerke fan De Tynje

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 feb 2023 om 09.12 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (+ posysjekaart)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Tsjerke fan De Tynje
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Opsterlân
plak De Tynje
adres Rolbrêgedyk 6
koördinaten 53° 01' N 5° 59' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
arsjitekt G. Draaisma, It Hearrenfean
boujier 1920-1921
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 513182[1]
Webside
pkntijnje-terwispel.nl
Kaart
Protestantske tsjerke fan De Tynje (Fryslân)
Protestantske tsjerke fan De Tynje

De Protestantske tsjerke oan de Rolbrêgedyk is de eardere grifformearde tsjerke en tsjintwurdige PKN-tsjerke fan De Tynje. De tsjerke is in ryksmonumint.

Ynterieur

De Tynje hie sûnt al 1866 in grifformeard tsjerkje oan de Breewei, dy't yn 1901 ferfongen waard troch nijbou. De oanwaaks fan nije leden makke twintich jier letter lykwols wer in nijbou op in oar plak needsaaklik. Om't it goedkeaper wie waard der foar keazen om de nije tsjerke fan beton te bouwen.

De tsjerke waard yn 1954 foar it earst restaurearre. Oare restauraasjes wienen yn 1988 en 2007. Sawol it ynterieur as it eksterieur binne yn geve steat bewarre bleaun.

It piipoargel fan de tsjerke waard yn 1976 ôfbrutsen. Oarspronklik kaam dat oargel út de grifformearde tsjerke fan It Hearrenfean. It front fan dat ynstrumint stiet ek no noch yn de tsjerke. De gemeente makket hjoed-de-dei gebrûk fan in elektroanysk oargel.

Al sûnt 1995 foarmen de grifformearden en herfoarmen fan De Tynje en Terwispel in federaasje. Fan de trije tsjerken dy't de federative gemeente hie waard nei it ûntstean fan de federaasje de herfoarme tsjerke oan de Riperwei yn De Tynje ôfstjitten en ferkocht, dy't letter ferboud waard ta wenhûs. Yn 2007 is de federaasje fan de grifformearden en herfoarmen fan De Tynje en Terwispel omset yn de Protestantske gemeente De Tynje-Terwispel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: