Springe nei ynhâld

Heecheinsterbrêge

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 feb 2023 om 22.58 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Tink ik dat bedoeld wurdt. Hjir haw ik juster oerhinne lêzen.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De Heecheinsterbrêge is in brêge yn Snits, dy ferbân hâldt mei de strjitte Heechein. Krekt hokfoar brêge, is yn de rin fan de tiid lykwols feroare.

  • De âldste brêge dêr't wy fan witte dat dy de Heecheinsterbrêge wie, is de brêge dy't no de Lemmerbrêge is, alteast in brêge op dat stee. Dy Heecheinsterbrêge joech tagong ta de Klokslach fan Snits.
  • In lettere brêge dêr't wy fan witte dat dy de Heecheinsterbrêge wie, is de brêge dy't no yn it ferlingde fan de Alde Komerk leit.
  • Op in stuit is der besletten om de brêge dy't yn de Heechein leit, sels de namme Heecheinsterbrêge te jaan, as wie it de iennichste brêge yn de Heechein. It is in ferbining tusken Grutsân en Heechein.