Sverre Farstad
Appearance
Sverre Farstad | ||
sporter | ||
Sverre Farstad (1949) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sverre Melvin Farstad | |
nasjonaliteit | Noarsk | |
bertedatum | 8 febrewaris 1920 | |
berteplak | Trondheim | |
stjerdatum | 27 maart 1978 | |
stjerplak | Oslo | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Reedriden | |
ûnderdiel | Langebaan | |
O.S. | Sankt-Moritz 1948 | |
debút | 1947 | |
karriêre-ein | 1949 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x goud Olympyske Spullen 1948 1x sulver WK Allround 1947 |
Sverre Melvin Farstad (Trondheim, 8 febrewaris 1920 - Oslo, 27 maart 1978) wie in Noarsk reedrider, sportsjoernalist en reedrydtrainer.
Hy die trije kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, fjouwer kear oan it Europeesk kampioenskip en hat yn 1948 meidien oan de Olympyske Winterspullen, dêr't hy Olympysk kampioen waard op de 1500 meter. Farstad waard yn 1949 Europeesk kampioen allround. Yn 1949 hold Farstad op mei reedriden op heech nivo. Nei syn aktive karriêre as reedrider waard Farstad sportsjoernalist en yn syn frije tiid wie er reedrydtrainer fan de Italjaanske reedriders. Sverre Farstad ferstoar op 27 maart 1978, yn 'e âldens fan 58 jier.
Persoanlike rekôrs
Ofstân | Tiid | Datum | Baan |
---|---|---|---|
500 meter | 41,80 | 5 febrewaris 1949 | Eisstadion Davos, Davos |
1000 meter | 1.29,70 | 18 jannewaris 1950 | Gjøvik Stadion, Gjøvik |
1500 meter | 2.13,9 | 6 febrewaris 1949 | Eisstadion Davos, Davos |
3 km | 4.59,2 | 12 febrewaris 1949 | Øya stadion, Trondheim |
5 km | 8.15,4 | 5 febrewaris 1949 | Eisstadion Davos, Davos |
10 km | 17.39,7 | 6 febrewaris 1949 | Eisstadion Davos, Davos |
Resultaten
jier | EK Allround |
WK Allround |
Olympyske Spullen |
---|---|---|---|
1946 | 14e | ||
1947 | |||
1948 | 4e | 11e | 500 m, 6e 1500 m, |
1949 | 13e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|