Springe nei ynhâld

Ekslo

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 jan 2023 om 04.34 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen) (Skiednis)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Lizzing fan Ekslo

Ekslo (Drintsk: Eksel, Nederlânsk: Exloo) is in doarp yn Drinte, gemeente Borger-Odoorn, op de Hondsrug. Ekslo hie (neffens ynformaasje fan de gemeente Borger-Odoorn) op 1 jannewaris 2007 1767 ynwennners (869 manlju en 898 froulju). Yn it doarp stiet it gemeentehûs fan de gemeente, hoewol't it net it grutste plak is.

Ekslo is in karakteristyk iesdoarp op de Drintske sângrûnen, wyls útwreide mei inkele nijbouwiken, dat tsjintwurdich in soad toeristen lûkt. Inkele attraksjes binne Kabouterlân, in bernebistepark, en it Kultuerhistoarysk Museum Bebinghehoes. Dêrneist wurde troch de Feriening Doarpsbelangen Ekslo meardere aktiviteiten op tou setten. De twa belangrykste binne it Skieppeskeardersfeest mei in Nederlânsk kampioenskip ambachtlik skieppeskearen, en it Festival fan Alde Ambachten.

It doarp hat meardere foarsjennings, wêrûnder in iepenbiere basisskoalle, sportfjilden, in maneezje, in swimbad, in VVV-kantoar, in supermerk en ferskate winkels en hoarekagelegenheden. Yn de buert fan it doarp leit bungalowpark de Hunzebergen.

Molefjild
Suderhaadstrjitte

It lânskip om Ekslo hinne wurdt kenmerke troch iessen, bosken (Boswachterijen Ekslo en Odoorn, Hunzebos), heide (Molenveld) en fean (Zoersche Landen).

Sûnt 2005 wurdt der by Ekslo boud oan in saneamd LOFAR. Dit is in nij type radioteleskoop dy't úteinlik bestean sil út sa'n 25.000 lytse antennes yn Nederlân en Dútslân. By Ekslo is al in testfjild.

De namme Ekslo tsjut op de iere oanwêzichheid fan bosk yn it gebiet. De namme fan it doarp is nei alle gedachten ûntstien út de Ald-Saksyske wurden ek (iik) en loo (bosk). Hoewol't Odoorn it sintrum wie fan it karspel dêr't ek Ekslo en Valthe ta hearden, wie Ekslo lange tiid wat ynwennertal oanbelanget it wichtichste doarp fan de gemeente Odoorn. It doarp hie yn 1612 112 ynwenners, tsjin Odoorn 92 en Valthe 61. Doe't de ûntginning fan de Eksloër- en Valthervenen begûn, waard it doarp al gau te boppe gien Twadde Eksloërmond en benammen Valthermond.

In soad Drintske sândoarpen waarden eartiids teistere troch grutte doarpsbrânen. Ek Ekslo ûntkaam dêr net oan: yn 1884 baarnden achttjin wenningen yn it doarp finaal ôf. Ek it gemeentehûs, dat yn 1870 ferhuze waard fan Odoorn nei Ekslo en ûnderbrocht wie yn loazjemint Bussemaker, waard proai fan de flammesee. Dêrfoar hie de gemeent sit it yn Valthe, mar ek yn Odoorn, yn in part fan in pleats.

Oan it begjin fan de 20e iuw krige ek Ekslo in halteplak oan it spoar Emmen-Gasselternijveen fan de Noordoosterlocaalspoorweg-Maatschappij. Yn dy tiid waard ek diskusjearre oer it plak dêr't it gemeentehûs fan Odoorn komme moast. Bussemaker krige it klear dat it gemeentehûs yn Ekslo bleau troch de dêrfoar needsaaklike grûn oan de gemeente te skinken. De ynwenners fan Twadde Eksloërmond, dy't hurd striden hiene foar in gemeentehûs yn harren doarp, wienen min te sprekken oer dizze beslissing. Yn 1943 waard it gemeentehûs yn Ekslo opnij troffen troch brân. Troch it yn de brân stekken fan it gemeentehûs besocht it ferset it befolkingsregister te ferneatigjen, wat lykwols net slagge.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Borger-Odoorn
Doarpen:
BorgerBronnegerBuinenBuinerveenDrouwenDrouwenermondDrouwenerveen1e EksloëermondEksloEesEesergroenEeserveenEllertshaarEksloërfeanEksloKlijndijkNieuw-BuinenOdoornOdoornerveen2e Eksloërmond2e ValthermondValtheValthermondWestdorpZandberg
Buorskippen:
BoermastreekEksloëerkylKavelingenValtherblokkenValthermusselZeelandstreekje
· · Berjocht bewurkje