Springe nei ynhâld

Stien fan Rosetta

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 jan 2023 om 00.40 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppeling om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De Stien fan Rosetta

De Rosetta Stien of Stien fan Rosetta, is in swarte graniten stien (fan 112 by 76 sm) dy't yn july 1799 yn it Ottomaanske Egypte troch Frânske sjenytroepen ûntdekt waard tidens wurksumheden oan it fort St. Julien (yn distiid Quaitbay) by de stêd Rosetta (no El Rashid). Op de stien stiet op trije ferskillende wizen yn it Egyptysk deselde skreaun: mei Egyptyske hiëroglifen, yn it demoatysk skrift en yn it Gryksk alfabet.

Dizze bysûndere stien die bliken in wichtige kaai te wezen by it ûntsiferjen fan de Egyptyske hieroglifen troch Thomas Young en Jean-François Champollion. Fan dy twa slagge Champollion der as earste yn om in better begryp te krijen fan de riedseleftige tekens yn 1822, dêr't mooglik troch waard de betsjutting fan oare teksten te efterheljen.

De tekst op de stien hâldt yn in tankbetsjûging troch de prysters fan Memfis oan kening Ptolemaeus V Epiphanes. De tekst is datearre op 27 maart fan 196 f.Kr.

Letter binne noch twa oare dekreten fûn dy't krekt as de Rosetta Stien yn meardere skriften skreaun waarden en dêrtroch fierdere ynformaasje jouwe oer it demoatyske en hiëroglyfysk skrift.

De Rosetta Stien falt te besjen yn it Britsk Museum yn Londen, dêr't er al sûnt 1802 bewarre wurdt. Der binne ferskillende kopyen makke fan de stien dy't op meardere plakken te sjen binne û.o. yn El Rashid. Yn Nederlân beskikt it Ryksmuseum fan Aldheden yn Leien oer in kopy.

p
t
wAl
M
iis
P
T
O L
M
I I S

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]