Karin Enke
Karin Enke | ||
sporter | ||
Karin Enke (1983) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Karin Enke | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
bertedatum | 20 juny 1961 | |
berteplak | Dresden | |
lingte | 1.80 m | |
gewicht | 72 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Reedriden | |
ûnderdiel | Langebaan | |
O.S. | Lake Placid 1980, Sarajevo 1984, Calgary 1988 | |
debút | 1978 | |
karriêre-ein | 1988 | |
wichtige prestaasjes | ||
3x goud Olympyske Spullen 1980, 1984 4x sulver Olympyske Spullen 1984, 1988 1x brûns Olympyske Spullen 1988, 5x goud WK Allround 1982, 1984, 1986, 1987, 1988 2x sulver WK Allround 1981, 1983 6x goud WK sprint 1980, 1981, 1983, 1984, 1986, 1987 2x sulver WK sprint 1982, 1988 |
Karin Enke (Dresden, 20 juny 1961) is in earder Dútsk reedrydster. Wilens har karriêre kaam se út foar it doetiidske East-Dútslân. Se is ek wol bekend ûnder har troude nammen Karin Busch, Karin Kania en Karin Richter.
Enke begûn op jonge leeftiid as keunstridster, en waard by de Europeeske kampioenskippen fan 1977 sels njoggende. Har lingte wie lykwols in neidiel by it keunstriden, en fan 1978 ôf gie se har dêrom rjochtsjen op it langebaanriden. Mei sukses, twa jier letter waard se sawol wrâldkampioen sprint as olympysk kampioen op de 500 meter.
Enke soe yn totaal alve wrâldtitels winne, seis op it sprint kampioenskip en fiif op it allround kampioenskip. Se die trije kear mei oan de Olympyske Winterspullen (1980, 1984 en 1988)
Enke ried by har reedrydkarriêre wrâldrekôrs op de 500, 1000, 1500 en 3000 meter. Benammen de 1.59,30 op de 1500 meter, dy't se op 22 maart 1986 op Medeo de iisbaan fan Alma-Ata ried, is ferneamd. Net allinnich wie Enke de earste frou dy't ûnder de twa minuten dûkte, it rekôr soe has tolve jier oant 29 novimber 1997 stean bliuwe, doe't Catriona Le May-Doan op de Olympic Oval yn Calgary 1.57,87 ried.
Op 3 jannewaris 2010 die Giselher Spitzer (in Dútske sporthistoarikus en ûndersiker fan de Berlynske Humboldt-universiteit) yn it skiednisprogramma Andere Tijden op basis fan Stasi-dokuminten út de doeken dat de East-Dútske reedrydster Enke yn 1984 preparearre wie mei doping.[1]
Persoanlike rekords
Ofstân | Tiid | Datum | Baan |
500 meter | 39,24 | 22 febrewaris 1988 | Olympyc, Calgary |
1000 meter | 1.17,70 | 26 jannewaris 1988 | Olympyc, Calgary |
1500 meter | 1.59,30 | 22 maart 1986 | Medeo, Alma-Ata |
3 km | 4.17,76 | 5 desimber 1987 | Olympyc, Calgary |
5 km | 7.39,82 | 22 maart 1986 | Medeo, Alma-Ata |
Resultaten
jier | EK Allround |
WK Allround |
WK Sprint |
Olympyske Spullen |
---|---|---|---|---|
1980 | 17 | 500 m, 1000 m, 4e | ||
1981 | ||||
1982 | ||||
1983 | ||||
1984 | 500 m, 1000 m, 1500 m, 3 km. | |||
1986 | ||||
1987 | ||||
1988 | 500 m, 1000 m, 1500 m, 3 km. 4e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|