Springe nei ynhâld

Herfoarme tsjerke (Nyegea)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 jan 2023 om 21.35 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (+ posysjekaart)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Sint-Agathatsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Smellingerlân
plak Nyegea
adres Hearrewei 1
koördinaten 53° 8' N 6° 1' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1850 (tsjerke), 1894 (toer)
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 499073
Webside
PKN Nyegea-De Pein-De Tike
Kaart
Herfoarme tsjerke (Fryslân)
Herfoarme tsjerke

De herfoarme tsjerke fan Nyegea is in tsjerkegebou yn Nyegea yn de gemeente Smellingerlân.

Yn 1850 waard de oarspronklik midsiuwske sealtsjerke foar in part fernijd. Yn 1894 is de tsjerke diels op 'e nij boud neffens plannen fan D.D. Duursma en kaam de toer oan de eastkant fan it gebou.

Ynterieur mei oargel

Yn de twaliddige toer mei ynsnuorre spits hingje twa klokken, ien út 1381 en ien út 1957; de lêste ferfong de klok út 1783 dy't troch de Dútske besetter foardere wie. Yn 1957 is it ynterieur neffens ûntwerp fan J. Baart restaurearre.

De tsjerke is in ryksmonumint.

It twamanualige oargel waard yn 1893 troch Bakker& Timmenga boud.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Seist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4