Kleaster Reichenau
Kleaster Reichenau | ||
Marije- en Markusmunster | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
plak | Reichenau-Mittelzell | |
adres | Münsterplatz | |
koördinaten | 47° 41' N 9° 03' E | |
Kleastergegevens | ||
oarde | Benediktinen | |
oprjochting | 724 | |
opheffing | 1757 | |
Webside | ||
Cella Sankt Benedikt | ||
Kaart | ||
It Kleaster Reichenau (Latyn: Monasterium Augiensis) wie in benediktynske abdij yn Mittelzell op it eilân Reichenau yn de Bodensee, Dútslân. It kleaster waard yn 724 troch Pirminius stifte en wie sûnt 1540 in prioraat fan de biskop fan Konstanz. Tegearre mei Sankt Gallen en Fulda heart it ta de belangrykste kleasters út de karolingyske tiid. Yn 1757 waard it kleaster opheft en yn 1803 ferlieten de lêste muontsen it eilân. Tsjintwurdich is yn de kleastergebouwen it gemeentehûs fan Reichenau ûnderbrocht.
It kleastereilân Reichenau falt tegearre mei de kleastertsjerke sûnt it jier 2000 ta it wrâlderfgoed fan UNESCO. Yn 2003 binne ek de ylluminaasjes fan it kleaster út de Ottoanske tiid opnommen yn it wrâlderfgoed.
Sûnt 2001 wennet der wer in lytse mienskip fan benediktinen op it eilân.
Stifting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eilân foel yn de tiid fan de stifting ûnder bewâld fan de ealman Sintlas, dy't yn it kastiel Sandeck oan de oare kant op de Switserske kant fan de Bodensee wenne. Dêrfandinne hiet it eilân eartiids ek Sintlas-Au of Sindleozesauua. Doe't yn 724 de hillige Pirminius mei 40 muontsen yn de krite kaam, fersocht Sintlas him in kapel te bouwen. Pirminius socht foar dat doel it eilân Reichenau út, dat yn dy tiid út ûnlân bestie mei in soad slangen, skyldpodden en ynsekten. Op it plak dêr't Piminius foar it earst syn foet op it eilân sette soe in ûntstien wêze. Pirminius makken mei syn muontsen it lân oan, bewenber foar minsken en stifte noch itselde jier it kleaster.
Bloeitiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster waard troch biskop Pirminius stifte yn in tiid dat de krite foar it measte noch heidensk wie. Bewenners fan it kleaster wiene leden fan de hege adel. Yn de rin fan de tiid waard it kleaster ûnder abt Waldo in karolingyske abdij. De bloeitiid fan de abdij, dy't in grutte rol spile by it kristenjen fan de Alemannen, foel oan it ein fan 'e 8e en de 9e iuw. Sels Karel de Grutte besocht mei syn frou Hildegard en har broer Gerold yn 780 it kleaster.
Lykas Sankt Gallen besiet Reichenau in badhûs en in grut hospitaal mei kleasterartsen. Dêrnjonken befoardere it kleaster it ûnderwiis yn de krite.
De abdij krige fan de Ottoanske keningen tal fan privileezjes en makke om it jier 1000 ûnder de abten Witigowo (985–997), Immo (1006–1008) en Berno (1008–1048) in twadde kulturele bloeitiid mei. Ut dy tiid datearje de ferneamde ylluminaasjes út it skriptoarium fan Reichenau en de fresko's yn de Joaristsjerke fan Oberzell of de historiografy fan in Hermann fan Reichenau († 1054) en Berthold fan Reichenau.
Delgong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noch ienris soe it kleaster ûnder abt Abts Diethelm fan Krenkingen (1169–1206) bloeie, mar dernei sette troch de feroarjende sosjale en wittenskiplike omstannichheden in tiid fan geastlike en materiële delgong yn. It besykjen om herfoarmings troch te fieren mislearren ferskillende kearen en yn de twadde helte fan de 14e iuw wie al it kleasterbesit sels foar in skoft ferpâne. Yn 1367 ferkocht Eberhard fan Brandis lang om let alle besittings en rjochten fan it kleaster oan famylje. Yn it jier 1402 wennen der njonken de abt noch mar twa aadlike konvintshearen as muontsen.
Tsjin it ein fan de midsiuwen soe it benediktynske muontseideaal noch ienris syn yntree dwaan. De munster fan Mittelzell waard yn dy tiid mei in heechgoatysk koer ferlinge en de kronykskriuwer Gallus Oehem skreau in kleasterskiednis. De lêste abt fan it kleaster wie Markus von Knöringen, dy't it kleaster yn 1540 as prioriaat oerdroech oan de biskop fan Konstanz.
Opheffing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mienskip besocht yn de rin fan de tiid ferskate kearen harren selsstannigens werom te krijen, mar yn 1757 waard it kleaster opheft. De gebouwen waarden yn it ramt fan it Reichsdeputationshauptschluss fan 1803 ûnteigene.
Nije mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 13 juny 2004 waard de 'Cella Sankt Benedikt' offisjeel stifte en sûnt dy tiid libbet en wurket der wer in lytse benediktynske mienskip op it eilân. Sûnt 2017 waarden de muotsen oanfolle mei in pear benediktynske nonnen, dy't as belangrykste taak op Reichenau de sielssoarch fan de bewenners hawwe.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Salem.
|