Hannemieke Stamperius
Hannemieke Stamperius | ||
skriuwer | ||
Hannemieke Stamperius yn 1990 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Hannes Meinkema, Justa Abbing | |
echte namme | Johanna Maria Jelles Stamperius | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 12 septimber 1943 | |
berteplak | Tiel | |
stoarn | 22 novimber 2022 (79 jier) | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurk | ||
sjenre | Romans, berneboeken, essays, ferhalen, detectives | |
bekendste wurk(en) |
En dan is er koffie (1976) Het binnenste ei (1978) De speeltuin van Teiresias (1994) | |
útjouwer | Contact | |
jierren aktyf | 1974 - 2022 | |
offisjele webside | ||
DBNL-profyl] Stamperius |
Johanna Maria Jelles (Hannemieke) Stamperius (Tiel, 12 septimber 1943 – Amsterdam, 22 novimber 2022) wie in Nederlânsk skriuwster, feministe en literatuerwittenskipper. Sy publisearre ûnder har eigen namme en ûnder de skûlnammen Hannes Meinkema en Justa Abbing.
Biografy
Stamperius waard berne yn de Twadde Wrâldoarloch as dochter fan Jaco Stamperius, in net-troude frou dy't ûnderdûkt wie yn Tiel fanwegen har meiwurking oan it Utrechts Kindercomité dat Joadske bern nei ûnderdûkadressen brocht. Se begûn yn 1961 mei har stúdzje Nederlânske taal- en letterkunde en Algemiene literatuerwittenskip oan de Universiteit Utert en studearre ôf yn 1968 respektyflik 1970. Yn har studintetiid wenne se in skoft yn de Stevensfundaasje yn de Kruisstraat yn Utert. Yn 1968 troude se mei de neerlandikus Eise Postma, letter giene se útinoar.
Yn 1987 adoptearre se in Braziliaansk famke neffens de Braziliaanske wet. Om 't adopsje yn Nederlân doe noch net mooglik wie foar in frou allinnich, duorre it oant 1995 foardat se in proefproses begjinne koe om har dochter legaal adoptearje te kinnen. Sûnt dy tiid is adopsje foar allinnichsteanden mooglik neffens de Nederlânske wet. Oer de adopsjeproblematyk skreau se Moeders kindje (1992).
Stamperius ferstoar yn har sliep op 22 novimber 2022 yn har wenning yn Amsterdam. Se waard 79 jier.
Literêre karriêre
Har literêre debút, de roman De maaneter, ferskynde yn 1974 ûnder it pseudonym Hannes Meinkema, dat se sûnt dy tiid reservearre foar har fiksje. Letter skreau se ûnder it pseudonym Justa Abbing in tal detectives. Berneboeken skreau se ûnder har eigen namme, lykas ek har wittenskiplike wurk.
It proefskrift wêrop't se yn 1977 cum laude promovearre by A.L. Sötemann, hat de titel Marsmans 'Verzen'. Toetsing van een ergocentrisch interpretatiemodel.
Tegearre mei Ethel Portnoy rjochte Stamperius yn 1978 Chrysallis op, in tydskrift foar literatuer en keunst dat twaris it jier ferskynde, dêr't publikaasjes fan froulju foarrang hiene. Oare meiwurkers oan it tydskrift wiene Liesbeth Brandt Corstius, Hanneke van Buuren en Esselien 't Hart. It blêd bleau bestean oant 1981.
Stamperius publisearre ek poëzy, foar it earst yn 1980 mei de bondel Het persoonlijke is poëzie. Se publisearre artikels en ferhalen yn ûnder oare de tydskriften Opzij, Chrysallis, Schrijvers tegen apartheid, Hollands Maandblad en Avenue.
Huldeblyk
Stamperius krige alle jierren in earejild fan de Stichting Fonds voor de Letteren, mei op foarspraak fan Renate Dorrestein, dy't Stamperius har literêre petemoei neamde, omdat sy de earste romans fan Dorrestein begelaat hie. Yn 1989 ûntfong se de Annie Romeinpriis foar har hiele oeuvre.
Stamperius wurdt priizge om har aktivisme as blomlêzeres fan frouljusskriften, dy 't it wurk fan Nederlânsktalige en Ingelsktalige skriuwsters bondele hat. Sy wie ferantwurdlik foar werútjeften fan boeken fan Betje Wolff en Aagje Deken, Geertruida Bosboom-Toussaint en Vita Sackville-West (nei wa't har dochter ferneamd is).
Bibliografy
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|