Springe nei ynhâld

Stasjon Doanjum

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 nov 2022 om 20.51 troch Roepers (oerlis | bydragen) (foto)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Stasjon Doangjum

Stasjon Doanjum (Dj) wie in spoarhalte yn Doanjum. De halte lei oan it spoar Tsjummearum - Frjentsjer. It stasjon wie iepen fan 1 oktober 1903 oant 8 oktober 1933.

Dit stasjon is boud nei in stasjonsûntwerp mei de namme Standerttype NFLS, dy yn haadsaak brûkt waard foar ferskate spoarstasjons yn Fryslân. It stasjon Doanjum foel binnen it type NFLS halte 3e klasse. It stasjonsgebou, út 1902, is noch oanwêzich.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]